Ferhalebondel Sipke de Schiffart

logo.ensafh

Masterlike mjuks fan romantyk en swarte humor

Sipke de Schiffart debutearret mei de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen

Mei tsien ferhalen debutearret Sipke de Schiffart no yn boekfoarm. Syn ferhalen binne lang net altiten like noflik fan ynhâld. Wat sei: guon ferhalen binne suver skokkend. Alle hillige húskes wurde yn dit boek sljochte. Mar der komme likegoed ek romantyske passaazjes yn dizze bondel foar.

Twa kear wûn Sipke de Schiffart in priis út it Rely Jorritsma Fûns. De sjuery wie út de skroeven oer Toe Sippy ju!: ‘It ferhaal grypt de lêzer yn de earste sinnen al by de strôte.… Lês fierder

Beweegjend byld dichter Obe Postma ûntdutsen

logo.ensafh

By it Fries Film Archief is dizze wike bewegend byld fan de bekende Fryske dichter Obe Postma (1868-1963) ûntdutsen. By ús witten is dit de earste kear dat der filmbylden mei Obe Postma foar it ljocht komme. De Boalserter amateurfilmer Klaas Mol makke op 3 novimber 1950 opnames fan de gasten dy’t oanwêzich wiene by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis en de Joast Halbertsmapriis (beide prizen waarden doe noch yn ien plechtichheid útrikt). Mol filme de minsken dy’t it stedhûs yngiene en der letter wer útkamen. Dêrby ek Obe Postma, Gysbert-priiswinner yn 1947. Yn 1950 wie Postma 82 jier. 

It filmmateriaal waard ôfrûne jier troch dochter Elly Mol oan it Fries Film Archief skonken.… Lês fierder

Dr. Joast Halbertsmapriis foar Piet Hagen

logo.ensafh

Journalist Piet Hagen is de winner fan de Dr. Joast Halbertsmapriis. Hy krijt de priis foar syn biografy oer it libben fan Piter Jelles Troelstra. Dat hat it kolleezje fan deputearre steaten besletten.

Neffens de sjuery is der noch nea sa’n folsleine biografy oer Troelstra skreaun, dy’t dêrby ek nochris tagonklik is foar in breed publyk. Oan de priis is in jildbedrach fan 4000 euro ferbûn. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Moaie ôfwikseljende poezijjûn yn de Grinzer Pein

logo.ensafh

Fjouwer hiel ferskillende manlju mei elk in hiel eigen styl, bûn troch harren geografyske komôf en harren skriuwer- en freonskip. Yn it nije Baron Theater yn de Grinzer Pein hienen Melle Hijlkema, Klaas Duursma, Willem Tjebbe Oostenbrink en Meindert Talma ôfrûne freedtejûn 16 novimber in literêre jûn organisearre mei as tema ‘Opende – Gat van ellende?’. It die bliken dat soks wier wol tafalt en dat it yn Oude Pekela altiten noch slimmer is.


Meindert Talma

Meindert Talma fersoarge de muzyk dizze jûn, mei rjocht-foar-syn-raap-ferskes oer fuotballers, Strandheem en de Stadskabouter mei syn synthesizer-muzyk. Ek lies Talma in stik út syn debuutroman Dammen met Ome Hajo foar, dêr’t er in tige komysk harkspul fan makke mei syn werjefte fan de lokale radiopiraat de Stille Genieter.… Lês fierder

24-11-12 Sympoasium Jan Wybenga

logo.ensafh

Op sneon 24 novimber (soe earst 28 septimber) wurdt in eksperiminteel sympoasium organisearre oer it wurk fan de dichter Jan Wybenga mei de oanbieding fan syn Samle fersen + in kleurkatalogus fan syn byldzjend wurk +CD.

Oanbieding:

Samle fersen fan Jan Wybenga oan S. Wybenga-Post

Sprekkers:

  1. Teake Oppewal fan Tresoar: ien en oar oer de poëzij fan Jan Wybenga
  2. Abe de Vries: oer syn ynlieding by de Samle fersen fan Jan Wybenga
  3. Albertina Soepboer: poëzy Wybenga en Jung
  4. Piter Yedema: poëzy Wybenga en it Frânse eksistinsjalisme
  5. Jabik Veenbaas: poëzy Wybenga en it modernisme
  6. Huub Mous: Wybenga syn byldzjend wurk

Foarum û.l.f.Lês fierder

Deputearre De Vries nimt kultuernota werom

logo.ensafh
De nije provinsjale beliedsnota foar kultuer, taal en ûnderwiis is net konkreet genôch, fynt in mearderheid yn provinsjale steaten. Deputearre Jannewietske de Vries besleat woansdei de nota werom te nimmen. De deputearre bûget har ek opnij oer de Obe Postmapriis. Dy woe se earder ôfskaffe. Dat soarge foar protest by in soad Fryske skriuwers.
.
Lês fierder

Dichter des Vaderlands net mear keazen

logo.ensafh

De nieuwe Dichter des Vaderlands wordt aangewezen door een benoemingscommissie van deskundigen, dat meldt Poetry International. Voorgaande jaren werd de Dichter des Vaderlands door middel van een verkiezing gekozen.

Aanleiding om de verkiezing te verruilen voor een benoeming is de sterke ontwikkeling die de functie sinds de introductie in 2000 heeft doorgemaakt. Het Dichterschap des Vaderlands is van ereambt geëvolueerd tot een in het oog springende functie met veel mogelijkheden om een breed publiek enthousiast te maken voor poëzie. De organiserende partners, NRC Handelsblad, Poëzieclub, Koninklijke Bibliotheek, NTR en Poetry International, juichen deze ontwikkeling toe en kiezen in het belang van de poëzie voor een objectieve, goed doordachte en afgewogen benoeming op basis van een vooraf vastgesteld profiel.

Lês fierder