Dick van der Plas wint Fantasy Strijd Brugge

logo.ensafh

De Nederlander Dick van der Plas is met zijn verhaal ‘Kleine Theo’ als winnaar uit de bus gekomen van de Fantasy Strijd Brugge 2012. Deze schrijfwedstrijd voor Nederlandstalige kortverhalen binnen het genre ‘fantasy’, wordt tweejaarlijks georganiseerd door de dienst Cultuur van de stad Brugge.

‘Kleine Theo’, volgens de auteur een licht filosofisch fantasietje, gaat over de mensheid die zichzelf overschat. Het verhaal kon de jury alvast meer dan bekoren, en zo mocht de schrijver op 3 november tijdens de fantasybeurs in de Biekorf de hoofdprijs in ontvangst nemen. ‘Dan het licht’ van Pieter Van de Walle kaapte de tweede prijs weg.… Lês fierder

30-11-12 Stúdzjedei Friese Geschiedschrijving

logo.ensafh

STÚDZJEDEI FRIESE GESCHIEDSCHRIJVING, ca. 1913-1938

TIID:                  FREED 30 NOVIMBER 2012, 10.30–16.30 OERE
PLAK:               TRESOAR, BÛTERHOEKE 1 te LJOUWERT
Postma beheart ta de net folle ûnder de histoarjeskriuwers fan syn tiid die noch steeds oanhelle wurde. Benammentlik  op it mêd fan de lânyndieling en de rekonstruksje fan grounbesit yn de Midsieuwen, lykas ek fan it deistich libben yn de ier-moderne tiid, jildt hy noch altyd as in autoriteit. Hy keppelle wiidfiemjende boarne-ûndersyk oan in strikt metoadyske wurkwize. Der is nei him as histoarysk ûndersiker lykwols noch mar in bytsje ûndersyk dien. Foarsafier dat it gefal is, barde it meast op basis fan syn wurk op harsels.
Lês fierder
Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – Novimber 2012

logo.ensafh

– Poëzij –

Dam, Eppie

Mem sjoch boi

Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2012

ISBN 97890 3300 3462 (80 siden)

Ferkeappriis € 15,-

Eppie Dam is bekend as dichter, skriuwer fan berneboeken en koarte ferhalen en novellen en as biograaf fan Abe Lenstra, Foppe de Haan en Henk Kroes.

Syn nijste dichtbondel Mem sjoch boi giet oer alle fasetten fan it memwêzen. It binne prachtige gedichten oer de yntime relaasje tusken mem en soan; poëzij oer in tear en faak ek kwetsber ûnderwerp.

Yn seisenfyftich foarmfêste fersen mei omearmjend rym siket Eppie Dam nei de M fan Mem. Fertroude assosjaasjes lykas leafde en beskerming foarmje de moaie kant fan har ferhaal.

Lês fierder

Reaksje op brief oer kultuernota foar 9 nov ynstjoere

logo.ensafh

Rju achte lid,

Nei de temagearkomste hat it bestjoer besocht in oanpaste reaksje op de kultuernota op te stellen. Hjirby is gebrûk makke fan wat op de temagearkomste sein is, mar ek fan suggestjes fan oare leden dy’t it bestjoer de muoite wurdich fûn. Wa’t noch in reaksje jaan wol, kin dit dwaan foar freed 9 novimber 15 oere. De reaksje kinne jo stjoere oan Koos Tiemersma, jtiemersma@hetnet.nl. Dêrnei giet de reaksje nei de fraksjes op it Provinsjehûs.

Bêste groetnis,

Sjieuwe Borger

********************

Reaksje op it konsept fan de kultuernota
Troch: Bestjoer Skriuwersboun

Achte leden fan de Provinsjale Steaten,

Nei de publikaasje fan de Kultuernota hat it bestjoer fuortdaalks in earste reaksje jûn.… Lês fierder

Nije bondel Eppie Dam

logo.ensafh

Nije dichtbondel Mem sjoch boi fan Eppie Dam is ferskynd op 22-10-2012

Eppie Dam is bekend as dichter, skriuwer fan berneboeken en koarte ferhalen en novellen en as biograaf fan Abe Lenstra, Foppe de Haan en Henk Kroes.

Syn nijste dichtbondel Mem sjoch boi giet oer alle fasetten fan it memwêzen. It binne prachtige gedichten oer de yntime relaasje tusken mem en soan; poëzy oer in tear en faak ek kwetsber ûnderwerp.

Yn seisenfiiftich foarmfêste fersen mei omearmjend rym siket Eppie Dam nei de M fan Mem. Fertroude assosjaasje lykas leafde en beskerming foarmje de moaie kant fan har ferhaal. Mar in mem is ek in minske, mei ûnrêst en pine, post-natale en oare depresjes, blokkades, eangst om te falen.Lês fierder

Frisistyk yn Grins rêden

logo.ensafh

De oplieding Frisistyk oan de universiteit fan Grins is definityf feilichsteld. Dat hat (yntusken) âld-steatssekretaris Halbe Zijlstra fan ûnderwiis besletten. De stúdzje is in fuortsetting fan de oplieding Fryske taal en kultuer, dy’t fanwege te min studinten yn syn bestean bedrige waard. Heechlearaar Goffe Jensma hat in nije bachelorstúdzje ûnwurpen. Dat moast omdat it Frysk nei in gearfoeging fan in tal moderne talestúdzjes skrast drige te wurden.

It ryk betellet 120.000 euro it jier, de RUG jout itselde, en de University Campus Fryslân betellet de rest.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder