Samle fersen Jan Wybenga

logo.ensafh

Jan Wybenga

(Warten 1917 – Grins 1994) wurdt beskôge as de belangrykste moderne dichter yn de Fryske literatuer. Hy krijt twa kear de Gysbert Japicxpriis – de heechste literêre ûnderskieding – in unikum. Dit Samle wurk bestiet út twa dielen. Diel I omfiemet it poëtys oeuvre fan Wybenga – oer de trijehûndert fersen út syn acht dichtbondels, sa’n 225 net earder bondele gedichten, krapoan fjirtich oersettingen en koarte teksten. Mei in skôging fan Abe de Vries en bydragen fan Teake Oppewal, Albertina Soepboer, Jabik Veenbaas en Piter Yedema. Op in tafoege cd stean tweintich fersen dy’t de dichter sels oait foardroegen hat.

Lês fierder

22-11-12 Leeuwarder Poëzie Avond

logo.ensafh

Leeuwarder Poëzie Avond 22 november in de Bres

Op donderdag 22 november aanstaande pakt de Leeuwarder Poëzie Avond uit met een keur aan fantastische en opzienbarende dichters, schrijvers en muzikanten uit het hele land en België. De Vlaamse dichteres Delphine Lecompte (Brugge1978) beleefde met ‘De dieren in mij’ haar poëziedebuut in 2009. Voor deze dichtbundel ontving ze de C. Buddingh’ prijs 2010 en de prijs van letterkunde van de provincie West-Vlaanderen 2011. Voor deze uitgave schreef ze een roman in het Engels ‘Kittens in the boiler’.
De gedichten van Lecompte kunnen worden omschreven als een vreemde mix van wrange humor, bevreemdende details, terloopse lichtvoetigheid, gelatenheid en (zelf)relativering, betekenisloze alledaagsheid en spotternij.… Lês fierder

Stúdzje Frysk rêden

logo.ensafh

Fryslân is tige geskikt as ûndersykgebiet foar studinten meartaligens. Dat seit heechlearaar Frysk Goffe Jensma. Studinten kinne takom jier begjinne oan in nije masteroplieding meartaligens oan ‘e NHL yn Ljouwert. De stúdzje duorret in jier. De doelstelling is dat tsien studinten begjinne oan de master. Dat moatte eintsjebeslút 24 wurde.

Jensma makke fierders bekend dat de stúdzje Frysk yn Grins rêden is. De RUG komt mei in nije stúdzje meartaligens dêr’t Frysk ek ûnder falt.

Earder makke de universiteit noch bekend dat se Frysk opheffe wolle om’t der te min studinten binne. Ferline jier kaam der mar ien by.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

18-11-12 Swing troch de nacht

logo.ensafh

Program:                     Sûkerbeat-konsert: Swing troch de nacht

Datum en tiid:             Snein 18 novimber 2012, 16:00 oere

Lokaasje:                     Andreastsjerke, Winaam

Tagongspriis:               € 8,00

Info en foarferkeap:     jantsjepost@planet.nl

‘Swing troch de nacht’ is de titel fan it poëzy- en muzykprogram, swingend en fol soul, fan dichter en foardrachtskeunstner Tsjêbbe Hettinga yn gearwurking mei syn 7-mans band ‘Breed Freed’. Op dit stuit is Tsjêbbe Hettinga bûten Fryslân de meast ferneamde Fryske dichter. Syn ynternasjonaal debút makke er doe’t er foardroech op ‘e Frankfurter Buchmesse yn oktober 1993.  Dêr die bliken dat in Fryske dichter op it Dútske publyk likefolle yndruk meitsje koe as hokker Nederlânsktalige dichter ek.… Lês fierder

Gemeenterie wol Ljouwert as kultuerhaadstêd

logo.ensafh

De gemeente Ljouwert sil nije wike offisjeel gadingmeitsje oan de status fan kultuerhaadstêd fan Europa yn 2018. In mearderheid yn de gemeenterie fan de grutste Fryske stêd hat dêr moandeitejûn foar stimd.

24 fan de 36 riedsleden wiene foar de kandidatuer. Dat wiene de fraksjes fan PvdA, GrienLinks, de FNP, Feriene Lofts en de ChristenUnie en in part fan de CDA-fraksje. De fraksjeleden fan de VVD, D66, de NLP, Brakenhof en in part fan ‘e CDA’ers stimde tsjin.

De gemeente Ljouwert sil 3,2 miljoen euro ynvestearje yn de tariedings foar in mooglike status as kultuerhaadstêd. Alle Fryske hûshâldings krije de kommende dagen in twatalich boekje yn ‘e bus, dat yn it Frysk en Hollânsk de plannen út ‘e doeken docht.… Lês fierder

Brief oan de deputearre

logo.ensafh

Achte skriuwer,

As organisatoaren fan Projekt P by de priisútrikking fan de Obe en de Fedde wolle wy noch in ferfolch jaan op de aksje fan 12 oktober. Dy middeis ha goed tritich skriuwers meidien, dêrneist hienen wy tweintich ôfberjochten krigen fan skriuwers dy’t witte lieten it in ‘baas aksje’ te finen, mar gjin tiid frij meitsje te kinnen. Oer it foarnimmen fan de provinsje de beide prizen ôf te skaffen binne tal fan stikken yn de media ferskynd, ûnder mear fan André Looijenga en Anne Tjerk Popkema yn de Ljouwerter.

‘Aksjefiere’ is ien ding, mar der moat, tinke wy noch al in ferfolch op komme.… Lês fierder

Six Friesian poets

logo.ensafh

Tsead Bruinja, Anne Feddema, Elmar Kuiper, Albertina Soepboer, Abe de Vries en Cornelis van der Wal lêze harren poëzij mei Ingelske oersettings.

In Wyld Hynder produksje fan Elmar Kuiper en Marc Kooij.

Lês fierder