De troostvogel

logo.ensafh

Dizze simmer hat Hylke Speerstra drok dwaande west mei it oersetten fan ‘De Treastfûgel’, dat yn 2011 útkaam as Kadoboek foar de Moanne fan it Fryske Boek. ‘It yn 2011 ferskynde ferhaal is net it hiele ferhaal dat ik fertelle woe’, seit Speerstra. De skriuwer hat fierder ûndersyk dien, dat in tal nije feiten oan ‘t ljocht brocht hat. Einliks hat hy it boek hielendal op ‘e nij skreaun.
It is it ferhaal fan twa boerejonges dy’t de Twadde Wrâldoarloch yn skuord waarden; de iene fjochtet oan de goede, de oare oan de ferkearde kant.

It Nederlânsktalige boek ‘De troostvogel’ wurdt tsjokker en ferskynt begjin 2013 by Speerstra syn Amsterdamse utjouwer Atlas-Contact.
Lês fierder

nr. 5 (rely jorritsma-nûmer) (jiergong 2012) fan ensafh is út

logo.ensafh

It fyfde nûmer fan 2012 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh nû. 5 yn print

3 Redaksjoneel
Sytse Jansma (poëzy)
7 oprop oan alle friezen
John Bosma (tekening)
10 God is mei
Simen Oetie (proaza)
11 Woldien yn Hylpen
21 Sjueryrapport

Junior Rely

Roos Talsma (poëzy)
27 Blier
Hedwig Oldenhof (proaza)
28 It woarteltsje
Johannes Idzinga (proaza)
32 1 april
Annemieke Kirkenier (proaza)
34 De dream
Elbrich de Jong (proaza)
36 It aventoer fan Fenna
Sake Tiemersma (proaza)
39 De struner fan Ljouwert
44 Sjueryrapport

Redaksjoneel

It Rely Jorritsma Founs skriuwt sûnt 1954 alle jierren in literêre priisfraach út foar nije poëzij en nij proaza yn ’e Fryske taal, dêr’t elk anonym oan dielnimme kin.… Lês fierder

nr. 4 (jiergong 2012) fan ensafh is út

logo.ensafh

It fjirde nûmer fan 2012 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh nû. 4 yn print

3 Redaksjoneel
IJ. A. van den Berg (essee)
4 Wat is in fêste útsjochpost wurdich as it lânskip der oars by komt te lizzen?
Cornelis van der Wal  (proaza)
9 Stjerre oan Harmony
Joris D. Raven (poézy)
14 Hastige notysje
15 Hoarn
Edwin de Groot (poêzy)
16 It risiko fan dit produkt is tige heech
17 Keunststof
18 Net in ûndernimmen dat wat opsmyt
19 Oarder fan ’e dei
André Looijenga (besprek)
20 In lânhear dy’t stjert  (oer De Belvedêre fan Durk van der Ploeg)
John Bosma (tekening)
24 Duck Tape Coulro
Anne Feddema (proaza)
25 Berte fan in clown
Geart Tigchelaar (proaza)
28 De silinder
Hein Jaap Hilarides (poëzy)
35 Sonhirring
Nyk de Vries (proaza)
37 Kampioensploech
Bert Bakker (proaza)
38 En de Vrouwe Johanna fear út
(oersetting Baukje Stavinga)
Klaas Rusticus (proaza)
42 In deistige dei
Jacobus Quiryn Smink (poëzy)
46 pekkadille
47 it lûd fan ’e foarweiwinende
Jetze de Vries (poëzy)
48 ôfreis
49 sa as it sichtber is
André Looijenga (besprek)
50 Achttjin jier ûnderweis (oer Sint Brandaan yn fjouwerfâld)
Edgar Allan Poe / Tryntsje van der Steege (proaza; oersetting)
57 It blaaibek hert
Wang Wei / Piter Boersma (poëzy; oersetting/bewurking)
62 in ekskurzje yn de omkriten fan Liangshou
Du Fu / Piter Boersma
63 de iensume goes

Redaksjoneel

Ensafh op in nije least
Yn nûmer 1 fan dit jier is yn it Redaksjoneel útlein wat dy sifers op it omslach betsjutte.… Lês fierder

Master learaar Frysk oan NHL

logo.ensafh

Nei tsien jier wurdt wer ris in diploma Master learaar Frysk útrikt oan de NHL yn Ljouwert. Ans Wallinga fan Garyp studearre leafst alve jier om earstegraads dosinte Frysk te wurden. Se fynt dat mear middelbere skoallen Frysk as eksamenfak oanbiede moatte. Ans Wallinga is dosinte Frysk oan it Drachtster Lyceum Singelland. Mei har earstegraads foech mei se tenei ek oan de eksamenklassen VWO lesjaan. Hast 30 jier lyn wie se noch dosinte feehâlderij yn it agrarysk ûnderwiis. Leafde foar de taal makke dat se nei it Frysk oerstapte.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Cornelis van der Wal wint Sulveren Twicht

logo.ensafh

Sjueryrapport

It oantal ynstjoerings foar de Sulveren Twicht 2012 wie dit jier net grut. Boppedat, en dat wie eins slimmer, wie de kwaliteit net altyd like heech. In soad romte fan de likernôch 150 ynstjoerings waard ynnommen troch lytse ûnderlinge petearkes, ‘twistjes’ of gewoan ôfwaait praat.

No lient twitter him dêr as medium hiel goed foar, dat is miskien wol it besteansrjocht dêrfan. Mar it komt de poëzij, mei op syn meast 133 tekens, njonken de hashtag twicht, net ten goede. Fansels is it ek hast in absurde útdaging om yn sa’n lytse romte wat gruts ta útdrukking te bringen, mar wy hiene fan it skriuwtalint yn Fryslân mear ferwachte.… Lês fierder