FNP: literêre prizen behâlde

logo.ensafh

De Steatefraksje fan de FNP wol hawwe dat de provinsjale prizen foar literêre debuten en oersettingen yn it Frysk bestean bliuwe. De arguminten om de Fedde Schurerpriis en de Obe Postmapriis te skrassen lykje de Steatefraksje net sterk. Om de sinten hoecht it net oer te gean, want it Kolleezje wol de Gysbert Japickxpriis al ferheegje nei € 10.000. De nije beliedsnota wol krekt folle mear ynvestearje yn de Fryske taal en kultuer, hat it oer aktiviteiten ‘foar elkenien’, oer ‘de mienskip’ as útgongspunt en oer it lizzen fan kulturele ferbiningen mei it bûtenlân.

Stimulearjen fan debuten as ûnderdiel fan de Fryske kreative sektor en fan oersettingen liket de FNP hjir krekt de bedoeling.… Lês fierder

Fedde Schurerprizen foar Elske Kampen

logo.ensafh

Sawol de sjuerypriis as de Fedde Schurer Publykspriis giet dit jier nei skriuwster Elske Kampen, foar har dichtbondel Fan glês it brekken. Dat is freed bekend makke yn Tresoar yn Ljouwert. De priis waard útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries. De sjuery priizge Kampen foar har kwaliteiten. Oer de priiswinnende bondel sei de sjuery dat it in kwetsber en moedich boek is.

Op deselde gearkomste waard ek de Obe Postmapriis útrikt, oan Anne Tjerk Popkema, foar syn Fryske oersetting fan De Hobbit fan Tolkien.

By it útrikken fan de prizen wie in koart protest tsjin it ôfskaffen fan dy prizen.… Lês fierder

Eeltsje Hettinga jout Fedde Schurerpriis werom

logo.ensafh

Skriuwer Eeltsje Hettinga hat freed syn Fedde Schurerpriis fan 1998 weromjûn. Hy die dat by de útrikking fan de priis oan Elske Kampen, de winnares fan dit jier. Hettinga kin him net fine yn it kultuerbelied fan de provinsje. Dy skrast in tal fan syn literêre prizen en fynt dat dy ferfongen wurde moatte troch in priis út it bedriuwslibben en de útjouwerijen.

Neffens Hettinga sil dy priis der net komme omdat der gjin jild foar is. Skriuwers moatte neffens him no faak sels al finansjeel bydrage om har boek ferskine te litten.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke (2)

logo.ensafh

Poëzij

Wieren, Atze van – oerset troch Klaas Bruinsma
Bedevaart | Pylgerreis
Staalboek, Veendam 2012
ISBN 97890 7293 8572
Ferkeappriis € 7,50

De Fryske masteroersetter Klaas Bruinsma sette tal fan klassiken oer. Hy krige twa kear de Obe Postmapriis útrikt en hat yn 2007 de Zilveren Anjer krigen foar syn literêre fertsjinsten. Yn de bondel Bedevaart/Pylgerreis fine jo syn treflike oersetting fan de achtentweintich tsjerkegedichten fan Atze van Wieren út

dy syn bondel Bedevaart, dy’t yn 2011 by útjouwerij IJzer yn Utert ferskynde. It binne sprankeljende, krêftige oersettingen, yn in Frysk sa’t jo dat hjoed de dei noch mar komselden hearre.… Lês fierder

Literêr sintrum yn Boalsert

logo.ensafh

Tresoar hat belangstelling foar in part fan it âlde stedhûs fan Boalsert. De gemeente Súdwest Fryslân makke tiisdei bekend dat it de bibleteek der yn hawwe wol. Tresoar fierde earder al petearen mei it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert en noch hieltyd fynt Tresoar-direkteur Bert Looper it ynteressant om te sjen oft de beide organisaasjes mei mekoar yn dat stedhûs fan Boalsert in soarte fan literêr sintrum meitsje kinne.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Sjueryrapport Gouden Gurbes 2012

logo.ensafh

Fjirtjin iepenloftspullen ha der de ôfrûne simmer yn Fryslân te sjen west. In rekordoantal. Oant no ta rûn 2010 derút mei trettjin produksjes. Ryp en grien kamen fan ’t jier foarby. Fêste klanten en debutanten. Se spilen op bekend terrein of op nije en bysûndere lokaasjes.

It makke de taak fan de sjuery der net makliker op. Doe’t de Ljouwerter Krante yn 2007 – foar de aardichheid – mei it takennen fan Gouden Gurbes begûn, wiene der sân iepenloftspullen dy’t yn fiif kategoryen gading makken nei de byldsjes. De jierren dêrnei wiene it der njoggen en seis. Mar de lêste trije jier binne de oantallen oprûn nei trettjin, tolve en no fjirtjin gadingmakkers.… Lês fierder