Jaap Krol hat sûnt ein 2006 mear as 60 boekeresinsjes skreaun foar it Frysk Deiblêd. Sa’n 50 dêrfan binne fan no ôf te finen op Sirkwy. De kranteknipsels fan de resinsjes binne scand en as pdf taheakke oan de boekeprofilen fan de oanbelangjende boeken.
De maklikste manier om de resinsjes te finen is mei it sykskerm hielendal links boppe op de thússide fan Sirkwy. As je dêr sykje op ‘Jaap Krol’ krije je in resultatelist mei in lange list artikels. De artikels út de kategory ‘Boeken’ jouwe de titels dêr’t Krol in resinsje oer skreaun hat – útsein uteraard syn eigen proazawurk.… Lês fierder