De provinsje wol de kommende fjouwer jier oardel miljoen ekstra stekke yn taal, kultuer en ûnderwiis. Goed ien miljoen derfan is struktureel. Sa krijt bygelyks teaterselskip Tryater strutktureel ekstra jild fan de provinsje.
Der komt ek in spesjaal brûsfûns. Út dat potsje moatte nije initsjativen betelle wurde foar de taal en kultuer. De provinsje wol fierder it belang fan de meartalingens fersterke. Der sil skrast wurde yn it tal provinsjale kultuerprizen.
Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder