Skriuw mar Frysk

logo.ensafh

Taalorganisaasje Afûk is begûn mei in nije aksje, Skriuw mar Frysk. De aksje moat Friezen derta stimulearje om harren eigen taal faker te skriuwen. As earste aktiviteit hawwe de meiwurkers in rige nije filmkes online set dêr’t de regels foar it Frysk skriuwen yn útlein wurde. De filmkes binne makke troch taalkundige Henk Wolf. Hy leit yn elk filmke op in ienfâldige manier in staveringsregel út. De Afûk wol skielk ek koarte skriuwkursussen oanbiede.

Njonken Skriuw mar Frysk hat de Afûk ek al in pear jier de aksje Praat mar Frysk, dy’t minsken op in boartlike manier stimulearje wol om Frysk te praten.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ‘e planke

logo.ensafh

Yn dizze nije nije boekerubryk sil ien kear yn de moanne in oersjoch jûn wurde fan nij ferskynde of nij te ferskinen boeken yn it Frysk, of oer it Frysk en Fryslân.

As jo as skriuwer of útjouwer jo eigen boeken hjir net tusken fine, hâld ús dan fan jo wurk op de hichte fia redaksje@ensafh.nl

Poëzij

Abma, Willem – mei in ynlieding fan Philippus Breuker

Troch eigen lânskip

Wijdemeer, Ljouwert 2012

ISBN 97890 8185 2135

Ferkeappriis € 39,50

Dizze brede blomlêzing út de fersen fan Willem Abma lit de ûntwikkeling sjen fan it dichterskip: fan de iere grimmitige fersen dy’t er ûnder de namme Daniel Daen skreau, oant de skôgjende, mylde fersen út de bondel Inerlik Ferskinen.… Lês fierder

Anne Popkema wint Obe Postmapriis 2012

logo.ensafh

Oersetter Anne Popkema hat de Obe Postmapriis 2012 wûn. Dat waard niis op Twitter buorkundich makke troch Tresoar, dêr’t op it stuit it Fryske boekefeest oan ‘e gong is.

De Obe Postmapriis wurdt om de trije jier útrikt oan de oersetter fan literatuer yn of út it Frysk. Oan de priis is in bedrach fan twatûzen euro ferbûn. Popkema is oersetter fan The Hobbit yn it Frysk. Dêr hat er de priis foar krigen. Okkerdeis kaam oersetter Popkema noch yn it nijs, doe’t er in temanûmer oer Fryslân fan Donald Duck yn it Frysk oerset hie. Hy is op it stuit dwaande mei in Fryske oersetting fan de mearkes fan de bruorren Grimm. … Lês fierder

Social Media in 19e-eeuws Dokkum

logo.ensafh

Op vrijdag 12 oktober start een bijzondere expositie in museum AdmiraliteitshuisSocial media vroeger: Poesiealbums vanaf 1830.
Naar aanleiding daarvan schreef directeur Ihno Dragt wederom een kleurrijk boek vol informatieve achtergrondverhalen. Een veelheid aan unieke foto’s van Dokkumers, die met name uit het Remonstrants/ doopsgezinde netwerk kwamen. Dragt heeft het boek voorzien van een wetenschappelijk doorwrochte onderbouwing met een notenapparaat van maar liefst 161 noten.

Voor- en achterzijde van boek Social Media in 19e-eeuws Dokkum

De titel van het boek is lichtelijk anders dan die van de tentoonstelling: Social Media in 19e-eeuws Dokkum. Vijf vriendenalbums uit 1830-1850.
Twitteren, Facebook, LinkedIn en dergelijke zijn onderdelen van de sociale media die tegenwoordig zo belangrijk geacht worden.… Lês fierder

Presintaasje ‘Echo’s van het Licht’

logo.ensafh

Presintaasje ‘Echo’s van het Licht’ fan Pieter Torensma

Op snein 7 oktober 2012, fan 14:00 oant 17:00 oere is de feestlike presintaasje fan it boek ‘Echo’s van het Licht’ fan Pieter Torensma, yn it Histoarysk Sintrem Ljouwert. Letter binne der ek presintaasjes yn Amsterdam en Den Haag.

It boek jout in oersjoch fan it wurk fan de Fryske keunstner Pieter Dirk Torensma fan 1962 oant no, mei goed njoggentich skilderijen, ynklusyf wurken dy’t net earder fertoand binne.

De bysûndere technyk fan Torensma hat him yn de rin fan de jierren ûntwikkele. Op in ûnderlaach fan kwartskristallen wurde meardere lagen tinne ferve fan natuerlike pigminten oanbrocht, wat der foar soarget dat der in bysûndere ljochtwurking fan in skilderij útgiet.Lês fierder