Der komt in “Fryske Grimm”: ein novimber 2012 sil in Fryske, yllustrearre oersetting fan de Kinder- und Hausmärchen fan de bruorren Grimm (yn it Nederlânsk: de Sprookjes van Grimm) ferskine. Dat ferneamde boek fan Jacob en Wilhelm Grimm is foar it earst yn 1812 – eksakt 200 jier lyn – ferskynd. Yn de Fryske ferzje, dy’t de titel Mearkes fan Grimm krije sil, wurde de 50 meast bekende sprookjes opnaam, lykas Readkapke, Sniewytsje, Toarnroaske en de Wolf en de Sân Geitsjes. De oersetting is fan Anne Tjerk Popkema, dy’t earder û.o. tekene foar De Hobbit en de Frysktalige Donald Duck fan de Afûk (mei 50.000 eksimplaren de grutste Fryske ‘bestseller’ oait).… Lês fierder