24 ynstjoeringen stads…

logo.ensafh

Iedere Leeuwarder kon zich tot 1 september verkiesbaar stellen voor de functie van een nieuwe Stads… cineast / danser / performer / ontwerper / kunstenaar /theatermaker / nar / verbeelder / fotograaf / troubadour / muzikant /dichter / verlosser / ondernemer / et cetera. In totaal hebben 24 kandidaten een plan ingeleverd met diverse ideeën over hoe Leeuwarden de komende twee jaar kan genieten van hun creatieve talent.

Boarne: Huis aan HuisLês fierder

Willem Schoorstra

Frysk en fierder

logo.ensafh

It publisearjen fan it pamflet Oer Erfskip en Nasjonaliteit hat, neist dat it opskuor joech, ek dúdlik makke dat der ferlet fan mear en eksplisiter ynformaasje wie. Net sasear technise ynformaasje as wol in eachweid op in takomst út Frysk perspektyf wei. Fierders hat it ek bleatlein dat emoasjes in beskate rol spylje sadree’t it oer identiteit en komôf giet. Op himsels hoecht dat net slim te wêzen. Foar in hiele protte minsken is it nij om serieus nei jins identiteit te sjen, om út te finen wat dat seit en betsjutte kin foar jins posysje yn de maatskippij en, yn grutter ferbân, de wrâld.… Lês fierder

Nije roman fan Piter Boersma, De krêftproef

logo.ensafh

Nije roman fan Piter Boersma, De krêftproef,ferskynt op 7 septimber 2012 as e-boek.

De krêftproef, de nije roman fan Piter Boersma (yn 1998 winner fan de Gysbert Japicxpriis), is in nuveraardich boek. It bout nei de foarm fierder op syn earder ferskynde wurk as It libben sels (1997) en It útsjoch (2005). Yn koarte, poëtysk kleure haadstikken beskriuwt Boersma syn filosofy en (Fryske) literêre achtergrûnen. De eigen belibbingswrâld fan de skriuwer stie yn dy romans sintraal, yn dit nije boek leit dat oars.
Yn De krêftproef draait it ferhaal om de actman Jelle Westerbaan, om it projekt dat er betinkt en om syn freone- en kunderûnte yn de stêd Ljouwens.… Lês fierder

Roman Harmen Wind posthúm ferskynd

logo.ensafh

De Afûk yn Ljouwert hat de roman Rekkenskip fan skriuwer Harmen Wind (1945-2010). It boek ferskynt postúm. Wind liet it manuskript benefter, doe’t er yn 2010 stoar. De Afûk hat yn oerlis mei Wind syn widdo besletten om it boek út te jaan. De útjouwerij neamt de útjefte “in earbetoan oan in wichtige skriuwer út de Fryske en Nederlânske literatuer.”

It boek giet oer de pensjonearre fabryksdirekteur Daniël Mûnema, dy’t him nei de dea fan syn frou ynienen ôffreget oft er wol is wa’t minsken tinke dat er is.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer Rekkenskip.… Lês fierder

Sutelaksje Stellingwarver Schrieversronte

logo.ensafh

De sutelaksje fan de Stellingwarver Schrieversronte is moandeitejûn fan start gien yn de gemeenten Weststellingwerf en Eaststellingwerf. Mear as sechtich frijwilligers komme oant en mei 17 septimber by de doarren del om Stellingwerfske boeken en in spreukekalinder te ferkeapjen.

De ferkeap fan boeken is wichtich foar de streektaal. Troch de ynkomsten kinne wer tal fan aktiviteiten organisearre wurde.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder