Rutger Kopland is dea. De dichter is ôfrûne woansdei ferstoarn. Dat hat skriuwer Coen Peppelenbos op it literatuerwebstee Tzum buorkundich makke. Kopland is 77 jier wurden. Rutger Kopland is it skriuwerspseudonym fan Rudi van den Hoofdakker. Hy wie perfester yn ‘e psychiatry oan ‘e Ryksuniversiteit Grins en dêrnjonken in warber dichter mei in licht humoristyske ynslach. Syn earste bondel, Onder het vee, ferskynde yn 1966. Yn 2008 ferskynde foar it lêst nij wurk fan syn hân, de bondel Toen ik dit zag. Njonken gedichten skreau Kopland ek essays. Yn 1988 krige er de P.C. Hooftprijs foar syn folslein wurk. Syn gedicht Jonge sla út ‘e bondel Alles op de fiets út 1970 is by in grut part fan ‘e Nederlanners bekend wurden.… Lês fierder