Feest yn Makkum! In echte Fryske skriuwersjûn! Wy binne gek op Fryske skriuwers en lêzers dat wy sleepten de Praatpeal nei Makkum! Wêrom lêze jo eins?
Boarne: Praat mar Frysk … Lês fierder
Feest yn Makkum! In echte Fryske skriuwersjûn! Wy binne gek op Fryske skriuwers en lêzers dat wy sleepten de Praatpeal nei Makkum! Wêrom lêze jo eins?
Boarne: Praat mar Frysk … Lês fierder
Uitgeverij Verloren publiceert een boek van Hotso Spanninga getiteld Gulden Vrijheid? Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640
‘Eendracht maakt macht’, was het devies van de Republiek der Verenigde Nederlanden. Die eendracht, onmisbaar in de geldverslindende strijd tegen Spanje, was echter niet vanzelfsprekend, zo blijkt uit de opstelling van de Friezen.
Zij stelden hun eigen belang boven het algemeen belang, niet alleen op grond van de herwonnen Friese Vrijheid, maar ook uit onmacht. Nergens waren de regenten zo krachteloos wat betreft belastingheffing als in Friesland. De achterstand in de Friese betalingen aan de oorlogskas van de Republiek werd hierdoor onaanvaardbaar groot.… Lês fierder
Nei de palindreamen, oersetlabyrinten en gévismen in nij taalspultsje fan Anne Popkema (Taalburo Popkema), dat spesjaal gaadlik is foar op fakânsje: betink it moaiste Fryske eksonym! In eksonym is in oanpassing fan in oarstalige plaknamme oan de eigen taal: tink oan Berlijn, Noorwegen en Parijs foar it Nederlânsk, of Berlyn, Noarwegen en Parys foar it Frysk. Bekende oare Fryske gefallen binne Utert, Dimter en Grins. Mar fansels kin men hjir de fantasij frij gean litte, en dêrby hoecht de etymologyske krektens net it wichtichst te wêzen: Hierlim, Skrieme, Mulboarch, Miloane, Lûk, Sâltstins. It mei sa flau as lûs, wittenskiplik ferantwurde, besteand of nij wêze.… Lês fierder
It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery fan betinken is dat dit jier ien ferhaal en ien fers foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns yn oanmerking komme. It winnende wurk is fan Simen de Jong (1942) út Easthim foar it ferhaal ‘Woldien yn Hylpen’ en fan Sytse Jansma (1980) út Harns foar it fers ‘Oprop oan alle Friezen’.
Beide priiswinners ha al earder in Rely Jorritsma Fûns-priis yn ’e wacht sleept. Simen de Jong hat yn 2009 mei in ferhaal in priis wûn, wylst Sytse Jansma yn 2006 en yn 2011 in Rely Jorritsma Fûns-priis wûn mei in fers.… Lês fierder
22 septimber 2012
Start 12:30 by Tresoar
Sinneûndergong: 19:34 op Laaksum
Laaksum is in ‘ikoanysk’ plak yn it Fryske lânskip en … yn de Fryske ferbylding. Skilders, skriweurs, dichters, sel itte har alelgear ynspirearje troch dizzwe bysûndere lokaasje oan de âlde Sudersee.
Lês fierder oer de Ekspedysje Laaksum op de flyer… Lês fierder
De fakânsje stiet foar de doar en ek wy as redaksje binne dêr nedich oan ta. De 14e fan septimber binne wy der wer mei in nije ôflevering.
Us webmaster giet wol safolle mooglik troch yn de ensafhakânsje, dus de blogfragminten ensafh. wurde hieltyd ferfarske.… Lês fierder
Auck Peanstra hat de Sulveren Spjeld wûn. Dizze priis is fan de Fryske Berneboekesjuery en bedoeld om it lêzen yn de Fryske taal te stypjen. Peanstra wie mei Jan Schotanus en Anny de Jong nominearre. Hûnderten skoalbern ha meidien oan de Berneboekesjuery. Se koene it moaiste boek kieze út in rige fan fiif.
Dy rige fertelt oer de famylje Travelier. Heit is geolooch en sadwaande bedarret it gesin op frjemde plakken, dêr’t sy spannende aventueren belibje. Der wurdt oan in sechsde titel wurke.
Boarne: Omrop Fryslân … Lês fierder