Bhagavad Gita yn it Frysk en Hollânsk

logo.ensafh

Eric Hoekstra hat de Bhagavad Gita oersetten yn it Frysk en Hollânsk.

Oer it boek:
Wat moat in minske dwaan, wat moat er litte, om goed te libjen?
Wat helpt dêrby? Selskennis of it dwaan fan goede wurken? Is God in persoan bûten jo? Of is God yn jo en moatte jo josels feroarje om God yn josels te sjen? Kin in minske neieroan ta God komme troch te stribjen nei deugd en harmony? Kinne wy ús gedachten yn ‘e macht krije en ússels op dy wize te’n goede feroarje? Oer sokke fragen giet de Bhagavad Gita, in boek dat it midden hâldt tusken wittenskip en godstsjinst.… Lês fierder

Nr. 3 (jiergong 2012) fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It tredde nûmer fan 2012 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.


Ynhâld ensafh nû. 3 yn print

3 Redaksjoneel

Klaas Rusticus
4 Yn ’e lôzje

Janneke Spoelstra
11 altyd alve

Anne Feddema
19 De skriuwblokkade

Geart Tigchelaar
23 it lêste jier

Nyk de Vries
24 Bôle

John Bosma
25 Tinzen foar Fretten

Michel Dijkstra
26 ‘Unforsteanber as it libben sels’ – It ynderlike Easten fan Sjoerd
Spanninga

Cornelis van der Wal
34 De ikoanen fan Ignatius

Bartle Laverman
42 Boat
43 Jehannes en Jacobus

Rein de Lange
44 bosk
45 sinneljocht

Janneke Spoelstra
46 Wie Rixt in Doperske dichteresse of wie se mear dichteresse en Dopersk?Lês fierder

Nr. 2 (jiergong 2012) fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It twadde nûmer fan 2012 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.


Ynhâld ensafh nû. 2

3 Redaksjoneel

André Looijenga
5 Literatuer yn lytse talen – Skriuwe yn in minderheidstaal – wat betsjut dat?

Sigrid Kingma
22 Fryske berneliteratuer – Untjouwing en foarútsjoch oan de hân fan de ôfrûne tweintich jier

Greet Andringa
40 Dien wurk – De romans fan Koos Tiemersma

Nyk de Vries
61 Raffelich realisme?Lês fierder

Frysk mei útstjerren bedrige

logo.ensafh

It Frysk is ien fan de 3500 talen dy’t op it stuit mei útstjerren bedrige wurdt. Dat meldt de VN-organisaasje Unesco. Der wurde sawat 7000 talen sprutsen op de wrâld. Saakkundigen sizze dat dêr oan de ein fan dizze ieu de helte fan oer is.

Likernôch in heal miljoen minsken behearskje op ’t heden it Frysk, sa seit de Unesco. Tegearre mei de Nederlânske gebaretaal sil it Frysk yn de takomst ferdwine, ferwachtsje saakkundigen.

Boarne:  Omrop Fryslân Lês fierder

29-06-12 Boekejûn Makkum

logo.ensafh

Ferbeane relaasjes steane sintraal op ‘e Fryske boekejûn fan de Makkumer bibletheek op freed 29 juny. Klaas Jansma praat mei Willem Schoorstra en Jetske Bilker oer relaasjes dy’t spannender binne as gewoan, om’t se geheim bliuwe moatte. Mar binne se dêrmei ek ferbean? Dy fraach kin it publyk ek in miening oer ha, en jaan. It begjint om 19.30 oere.

Willem Schoorstra skreau yn 2004 it boek ‘Swarte Ingels’ oer in leafdesrelaasje tusken in broer en in suster. Se hiene in geheime seksuéle ferhâlding. It moai komponearre boek waard tige goed ûntfongen. Schoorstra krige der de Fedde Schurerpriis foar debutanten foar.… Lês fierder

Projekt SKRIUW

logo.ensafh

SKRIUW is in projekt fan it Skriuwersboun, de belange-organisaasje fan Fryske skriuwers. It doel is om skriuwers stipe en begelieding te jaan en sa te kommen ta mear en bettere Frysktalige literêre manuskript.

Klik hjir foar mear ynformaasje. Klik hjir foar de flyer.… Lês fierder

Nij poezijfestival by Nijetrine

logo.ensafh

De Rottige Meente yn Westellingwerf krijt der in poëzijfestival by: Poëzie in de Rottige Meente. In ferskaat oan dichters sil begjin septimber yn it natoergebiet by Nijetrine fersen foarlêze. Ut Fryslân sille Albertina Soepboer, Tsjêbbe Hettinga en Johan Veenstra meidwaan. Under begelieding fan Steatsboskbehear wurde besikers mei in boat it natoergebiet ynbrocht.

Organisator Albert Haar sprekt fan in unike kombinaasje fan poëzij en natoer.

Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder