23-06-12 Presintaasje De BEUL van Bolsward

logo.ensafh

Zaterdag wordt het boek ‘De BEUL van Bolsward’ gepresenteerd. Het is een boek van Willem Haanstra en is het derde in de serie over Bolsward, nadat eerder ‘Bolsward in Namen’ en ‘Bolsward in Oorlogstijd’ waren verschenen. Het nieuwe boek bestaat uit 20 hoofdstukken en in ieder hoofdstuk staat iemand centraal die met Bolsward verbonden was. Het gaat daarbij om bekendheden uit heden en verleden: 10 van voor 1900 en 10 van daarna.

De personen zijn onder andere De BEUL, de valsemunter Jan van der Nat, geschiedschrijver Peter van Thabor, dichter Gysbert Japix, agent Arjen van der Hauw, idealist Douwe de Wit,dominee Kreb, de gesneuvelde Wiebe van der Spoel, de onvergetelijke Corrie de Groot, de aparte Piet Landskroon en de Commissaris van de Koningin John Jorritsma.… Lês fierder

Figuranten frege foar De Greidegeast

logo.ensafh

De Greidegeast

Figuranten frege en Twitterje mei oan de film

Elmar Kuiper, dichter en byldzjend keunstner, makket op it stuit in unike film, mei akteur en keunstner Mark Kooij yn de haadrol. De film sil ´De Greidegeast´ hjitte en sa at de namme al oanjout stiet de Fryske greide sintraal. De geast út de titel is in reynkarnaasje fan Bob Ross.  De premjêre fynt plak op it Greidhoekfestival, 15 septimber oansteande. Fryske twitteraars en figuranten binne hurd nedich.

Yn ‘De Greidegeast’ stiet Bob Ross op út ’e dea. In mysterieuze krêft lûkt him nei in unyk fenomeen yn ’e greide. Ross stapt yn in tryste, swart wite wrâld om.… Lês fierder

It Taalhospitaal op de Slachte 2012

logo.ensafh

Slachtemarathon 2012.

Dit jier wie it tema ‘Underweis’. By de oase fan Hitsum-Sopsum hie it Literêr Sirkwy fan It Skriuwersboun in Taalhospitaal ynrjochte, mei optredens fan de dichters Edwin de Groot, Sytse Jansma, Simon Oosting, Geart Tigchelaar en Cornelis van der Wal.

Klik op it plaatsje foar in koarte filmyske ympresje.

Lês fierder

Resolúsje filologekongres: behâld stúdzje Frysk

logo.ensafh

Behâld fan in folweardige stúdzje Fryske taal en kultuer Rijksuniversiteit Groningen
De organisaasje fan en dielnimmers oan it 19de Frysk filologekongres, dat de ôfrûne trije dagen by de Fryske Akademy holden waard, binne fan betinken dat der in folweardige BA/MA-stúdzje Fryske taal en kultuer oan de Rijksuniversiteit Groningen bestean bliuwe moat. Se binne it folslein ûniens mei de plannen foar de werstrukturearring fan de oplieding, dy’t sa redusearre wurdt ta in marzjinale oplieding, en op dy wize gjin goede wittenskiplike basis foar it Frysk mear garandearje kin. Soks hat ek syn wjerslach op de status en foar it gebrûk fan de Fryske taal, as twadde rykstaal.… Lês fierder

Priisútrikking ferhalewedstryd

logo.ensafh

Begjin dit jier skreaunen It Skriuwersboun en it Friesch Dagblad in ferhalenwedstryd út foar minsken o/m 25 jier âld. It ûnderwerp: ‘Freonskip en sosjale media’. Ut de ynstjoerde ferhalen hat de sjuery, besteande út Jaap Krol, Sigrid Kingma en Ate Grypstra, fjouwer ferhalen útkeazen. Se binne skreaun troch: Theuna Zwaga, Ijsbrand Drost, Geart Tigchelaar en Meindert Reitsma.

Op freed 15 juny oansteande om 20.00 oere is de priisútrikking. Yn de Gysbert Japixcseal fan Tresoar, yn Ljouwert.

De fjouwer bekroande ferhalen sille dêr troch de skriuwers sels foarlêzen wurde, de sjuery sil harren kar ferantwurdzje en der is in optreden fan Carolien Hunneman út Easterwâlde, mei eigen lietsjes yn it Frysk en it Stellingwerfs.… Lês fierder