Demonstraasje tsjin opdoeken stúdzje Frysk

logo.ensafh
Sa’n 50 demonstranten protestearren freedtemiddei tsjin it opdoeken fan it Frysk as selsstannige stúdzje. Dat diene se foar it Akademygebou fan de Ryksuniversiteit yn Grins. De RUG wol it Frysk ûnderbringe yn de ‘brede stúdzje’ Europeeske Talen, om’t der te min studinten Frysk wêze soene. De aksje fan de ferienings Bernlef en Skanomodu hie de foarm fan in rouseremoanje.
Net eltsenien wie freed op it goeie plak. Twadde Keamerlid Lutz Jacobi stie by it gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert en miste dêrtroch de aksje yn Grins.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Sanne van Balen gemeentedichter Smellingerlân

logo.ensafh

Sanne van Balen út Boarnburgum is woansdei keazen as gemeentedichter fan Smellingerlân. Se moast de striid oangean mei noch fjouwer kandidaten. Yn it Thalenpark yn Drachten moasten de dichters gedichten foardrage foar in sjuery. Van Balen wurdt oansteld foar in perioade fan twa jier en se moat yn elk gefal fiif gedichten yn in jier meitsje. De gemeente Smellingerlân kin Sanne van Balen ek freegje foar bysûndere gelegenheden.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

In Frysk liet skriuwe

logo.ensafh

In liet skriuwe

Mei galmje is moai, mar sels in ferske skriuwe is noch folle boeiender.
Seis oefeningen helpe dy op wei nei in plak by Liet!

Diel 1: Sjong mei

In goed liet is in liet dat har nei ien kear lústerjen al meineurje lit en nei twa kear meisjonge lit. Dat wol noch net sizze dat in ferske har ek yn ien kear skriuwe lit. Dat bart wolris, mar faker noch is in liet skriuwe in kwestje fan slypje en trochkrasse.

It wichtichste is dat der stean moat wat der stiet, sei Bram Vermeulen oait yn in ynterview. ‘Asto it minusjeus lêst, moat alles mei-inoar strike.… Lês fierder

Aksje behâld stúdzje Frysk

logo.ensafh

Nettsjinsteande de ôfspraken te’n behâld fan de stúdzje Frysk yn Nederlân wurdt dizze stúdzje oan de Ryksuniversiteit Grins hieltyd mear rjochting de ôfgrûn treaun. De Fryske studinteferiening yn Grins, Bernlef, en de stúdzjeferiening Frysk, Skanomodu, bondelje no harren krêften om in dúdlik sinjaal ôf te jaan nei de RUG dat dit fansels net kin. Dêrom wurdt der takom freed om 14:30 foar it Akademygebou in manifestaasje holden by de Fryske flagge. Dit alles bart yn ‘e foarm fan in rouseremoanje foar de terminale sitewaasje dêryn’t de stúdzje him no befynt. Kom allegear!

Eftergrûnynfo:
It grutste part fan ‘e minsken dy’t Frysk studearje dogge it as twadde stúdzje en dat wurdt no te djoer om’t it no wól wat kostet.… Lês fierder