Fergees Frysk E-book

logo.ensafh

Boekefans kinne tusken 4 en 14 juny fergees in Frysk E-book downloade. It giet om it boek ‘Griene Simmer’ fan de Fryske skriuwer Bart Kingma. Utjouwer Elikser en de Fryske Bibleteken hawwe in Facebook-applikaasje ûntwikkele wêrmei’t it boek sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk download wurde kin.

De aksje is ûnderdiel fan ‘Moardspul 2012’, dat organisearre wurdt yn it ramt fan de moanne fan it spannende boek. De bibleteken hoopje mei de aksje mear minsken foar it lêzen te ynteressearjen.

Boarne: It NijsLês fierder

De NachtRider fierder as site oer boeken

logo.ensafh

Dames en hearen lêzers, brekkend nijs. De NachtRider, Frysk altydblêd foar oeralkultuer, giet fierder as Frysk altydblêd oer boeken. Sa’n site is der noch net, sa’n FB-side ek net.

Dizze site sil benammen tsjinje as ûndersteuning foar de FaceBookside dêr’t elkenien dy’t wat oer in Frysk boek (oarstalige boeken mei fansels ek) te melden hat, him melde kin. Mei in stikje, in opmerking, in ynsjoch, in foto, in fraach. Op dit blog wat melde mei fansels ek. Sjoch mar. Utjouwers en boekferkeapers wurde ek útnoege om mei te dwaan oan de NachtRider.

De NachtRider is dus fan no ôf oan in pleisterplak foar boekegekken.… Lês fierder

Joanne Hoekstra Jonge Dichter des Vaderlands

logo.ensafh

Joanne Hoekstra (17) fan Augsbuurt mei har de kommende twa jier de Jonge Dichter des Vaderlands neame. Se hat de wedstryd om de titel wûn fan twa oare kandidaten: Sannemaj Betten út Sint Jabik en Kenza Bolsius út Amsterdam. De útslach waard sneontejûn bekendmakke op it Doe Maar Dicht Maarfestival yn Grins.

Minsken koene de ôfrûne wiken stimme op de gedichten fan de trije gadingmakkers. Joanne Hoekstra helle de measte stimmen. Sij mei as Jonge Dichter des Vaderlands ûnder oare nije gedichten skriuwe en optrede op poëzijfestivals.

Boarne: Omrop Fryslân Lês fierder

20-06-12 MidSimmerJûn yn Rie

logo.ensafh

Tal fan artysten op woansdei 20 juny

In festival fol mei moaie en leuke ferhalen en muzyk. Om yn styl en sfearfol mei elkoar de langste dei fan it jier te fieren. Dat is de MidSimmerJûn yn Rie. Fanwege it skrikkeljier is de langste dei dizze kear net op 21, mar op woansdei 20 juny. Tusken 19.00 en 24.00 oere binne der allegear foarstellings en optredens yn it doarp en sjogge wy mei elkoar de sinne ûndergean.

MidSimmerJûn begjint om 19.00 oere mei in konsert fan de band The Tranquis, mei prachtige teksten en melodieuze harkmuzyk. Om 20.00 oere startet in omgong troch it doarp, en krijt elkenien fjouwer foarstellings te sjen.… Lês fierder

Nominearen Gemeentedichter Smellingerlân bekend

logo.ensafh
Op woansdeitejûn 6 juny wurdt yn de Wike fan de Amateurkeunst de Gemeentedichter fan Smellingerlân keazen. Ut alle oanmeldings foar de ferkiezing hat de sjuery fiif dichters selektearre dy’t har gedichten foardrage meie op in tema-jûn “Swinging in the Park” yn it Thalenpark yn Drachten. De nominearen binne:
1. Sanne van Balen
2. Henk Veenstra
3. Hella de Vries
4. Ebele Wijbenga
5. Aukje Wijma
De jûn begjint om 19.00 oere en neist de kandidaat-Gemeentedichters sil ek Potzenmaker Jan Ketelaar in pear foardrachten fersoargje. Bigband Drachten en it Saxofoonensemble, beide û.l.f. Jelle Visser sille muzikale meiwurking ferliene. De gedichten wurde foardroegen tusken 20.00 en 20.30 oere.
Lês fierder

Fryske romans as E-book

logo.ensafh

Der ferskine dizze wike 50 Fryske romans as E-book. E-books moatte lêzen wurde op i-pads of tablets. It giet earst om klassike romans fan skriuwers lykas Anne Wadman, Trinus Riemersma en Froukje Annema. De E-books wurde fia ynternet ferkocht en kostje tusken de 5 en 10 euro. De útjouwerskombinaasje TDE hat it inisjatyf nommen foar de e-booken, neidat twa jier lyn al 85 klassike Fryske titels yntegraal op ynternet yn de Digitale Bibliotheek ferskynden.

TDE is in gearwurkingsprojekt fan Tresoar, DBNL en útjouwerij Elikser.

De boeken binne hjir te bestellenLês fierder