Wat: Presintaasje nije Fryske stikken
Wannear: 31 maaie, 20.00 oere
Wêr: De Bidler, Kerkbuurt 2, Wergea
Tagong: Fergees
Oanmelde fia: frats@keunstwurk.nl
Ynformaasje: 058-2343449
It winterskoft sit der op. It applaus fan de toanielfoarstellingen is foarby, de punten binne binnen. Tiid om ris om jim hinne te sjen: binne der noch nije stikken?
Jawis wol! Der is op it heden in frij grut oanbod fan nije, OARSPRONKLIKE toanielstikken. Teksten dy’t yn Fryslân skreaun binne, de measte yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk (en alles kin oerset wurde fansels). Stikken foar jongerein, âlderein, kluchtich, earnstich en absurdistysk toaniel, ienakters en jûnfoljende stikken – koartsein ‘voor elck wat wils’ en fan ‘Fryske groun’!… Lês fierder