De earste edysje fan it Fryske sjongfestival Liet yn de Ljouwerter Prinsetún waard sneontejûn wûn troch de talintfolle formaasje Yldau mei it nûmer ‘Fjoer’. De band Yldau hat twa sjongeressen mei de foarnamme Yldau; Yldau Bylsma en Yldau Hoekstra. Sy skreaunen ek nochris tegearre it winnende nûmer, dat der oer giet dat je yn it libben je hert folgje moatte. Op de fiifkoppige sjuery ûnder foarsitterskip fan Anne Zwaga makke Yldau safolle yndruk dat sy de winner waarden fan Liet 2012, op de foet folge troch de formaasje Klif en de band Frjemdling. It publyk makke, en dat is net ûngebrûklik by Liet, in hiel oare kar.… Lês fierder