Elske Kampen nominearre Kafka! Schrijfwedstrijd

logo.ensafh

‘Schrijf je eigen ultrakorte verhaal en win een reis naar Praag.’ Dat was de opdracht van de Kafka! Schrijfwedstrijd in een notendop. Het aantal reacties op deze oproep was overweldigend: bijna 400 verhalen ontvingen we. De jury heeft hier 30 verhalen uit geselecteerd die nog steeds meedoen voor de prijzen. Vandaag ontvingen alle deelnemers bericht of hun verhaal bij die selectie zit.

Naast Barcelona is Praag dit jaar gaststad van City2Cities. Denk aan Praag en literatuur en je denkt aan Franz Kafka. Met deze schrijfwedstrijd eren we dit literaire icoon én grootmeester van het ultrakorte verhaal. De opdracht aan de deelnemers was om een eigen ultrakort verhaal te schrijven van maximaal 300 woorden.

Lês fierder

Twitteraksje foar Stúdzje Frysk

logo.ensafh

“It is jimme fêst net ûntgien. De stúdzje Fryske Taal en Kultuer sit yn swier waar. Troch de nije reorganisaasje oan de RuG driget it Frysk yn Europeeske Talen en Kultueren (ETC) noch mar 1 fte (dat is ien dosint) oer te hâlden.

Dat is fansels fierstente te min om in goede wittenskiplike oplieding garandearje te kinnen. Dêrmei sil de stúdzje in stille dea stjerre.

De stúdzje Frysk hat as twadde Rykstaal yn Nederlân bepaalde rjochten en ien dêrfan is in ‘selsstannige haadfakstúdzje’. Om’t ETC foar Frysk stiet foar in stjerhúskonstrúksje, hat Frysk keazen om net langer mei te dwaan oan ETC en selsstannich te bliuwen.… Lês fierder

Nij útjou-inisjatyf HotSum foar essees en twatalige poëzij

logo.ensafh

HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede.

Dêrom begjint HotSum yn ’e mande mei de Nederlânse útjouwerij de Contrabas yn Utert de earste twatalige, Frysk-Nederlânse poëzijrige yn de Fryske literatuerskiednis. De kommende jierren sille elk jier maksimaal twa fan sokke poëzijbondels by HotSum/de Contrabas ferskine kinne.… Lês fierder

Nominaasjes Fedde Schurerpriis bekendmakke

logo.ensafh

Sûnt fan ‘e moarn is de website www.fedde2012.nl iepensteld. It Fryske lêzerspublyk kin op dy site syn favoryt oanwize foar de Fedde Schurerpublykspriis. Yn it nijste nûmer fan algemien-kultureel opinyblêd De Moanne, dat hjoed ferskynt, is in shortlist bekendmakke fan fiif titels dêr’t út keazen wurde kin. De shortlist is opsteld troch in kommisje, dy’t Deputearre Steaten ek in advys jout foar de Fedde Schurerpriis. Sawol dizze sjuerypriis as de publykspriis wurdt om de trije jier troch de Provinsje Fryslân útrikt foar it bêste Fryske debút of debút yn in nij sjenre. De prizen bedrage €2000 elk.

De fiif nominearre titels binne:

1.… Lês fierder

Webstee EBLT yn de loft

logo.ensafh

Fan 21 maart ôf is it webstee fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn de loft. It EBLT wie earder ûnderdiel fan de Europeeske koepelorganisaasje EBLUL en hie sadwaande in plak op harren webstee. Sûnt 2010 bestiet dy koepelorganisaasje net mear. De leden fan it EBLT hawwe besletten dat it EBLT him oanslute sil by de Europeeske organisaasje Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) en dat it EBLT trochgiet mei har wurk op nasjonaal en provinsjaal nivo. Dêrfoar is it nedich, dat der in nij logo en in webstee komme. Beide binne no sichtber op www.eblt.nl

It EBLT bestiet út fertsjintwurdigers fan 21 organisaasjes dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk en it Nedersaksysk.… Lês fierder