Lintsje foar Durk van der Ploeg

logo.ensafh
Skriuwer Durk van der Ploeg (81) út Noard-Burgum is tongersdei keninklik ûnderskieden. Dat waard dien by de presintaasje fan syn 21e histoaryske roman ‘De Belverdêre’. Van der Ploeg waard beneamd ta Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau. De byhearrende fersiersels waarden him opspjelde troch boargemaster Ter Keurs fan Tytsjerksteradiel.
Neist boeken skreau Van der Ploeg ek proaza en makke er literaire kritiken foar de Ljouwerter krante. Hy wûn ûnder oare de Rely Jorritsmapriis en de Gysbert Japicxspriis.
Boarne: Omrop Fryslân
Lês fierder

Derwent Christmas nominearre foar Gouden Strop

logo.ensafh
Leeuwarder Derwent Christmas is genomineerd voor de Gouden Strop. Zijn boek ‘Volmaakte verdwijning’ behoort tot de shortlist van tien kanshebbers.
De nominaties werden zojuist op twitter bekendgemaakt. De Gouden Strop is de prijs voor de beste Nederlandse trhiller.
De uit Stadskanaal afkomstige Christmas maakt kans op een bijbehorende geldprijs van 10.000 euro.
De prijs is vernoemd naar het boek ‘De Gouden Strop’ van Joop van den Broek. De winnaar van de Gouden Strop ontvangt ook een sculptuur van Marianne van den Heuvel.
Lês fierder
Hedwig Terpstra

‘Snipperdei’ yn Húns

logo.ensafh

‘Snipperdei’, in blijspul yn twa bedriuwen, waard 23 en 24 maart opfierd yn De Murdhoun yn Húns troch toanielferiening De Takomst fan Húns/Leons. Oene Spoelstra hat it stik skreaun yn 1976 en it is al meardere kearen opfierd. Hy krige yn itselde jier ek de provinsjale toanielpriis foar it stik. It aparte oan ‘Snipperdei’ is dat de sênes troch inoar smiten binne. Spoelstra fûn it oarspronklike stik dat er skreaun hie net spannend genôch en besleat de folchoarder fan de sênes te feroarjen.

Elmar Kuiper (rjochts), foarsitter fan toanielferiening De Takomst, regisseur Thomas Bijlsma en ynstekster Francien de Vries

It ferhaal fan ‘Snipperdei’ giet sa.… Lês fierder

Albertina Soepboer nominearre foar Guido Gezellepriis

logo.ensafh

Vijf dichters maken kans op de (volgens het persbericht ‘niet onaardige’) geldprijs van €5.000,- dat verbonden is aan de Guido Gezelleprijs. De Gezelleprijs is een driejarige prijs en bundels die voor het eerst in boekvorm zijn gepubliceerd tussen 1 december 2009 en 1 december 2011 kwamne in aanmerking voor de prijs. De prijs zal op 5 mei worden uitgereikt.

Eva Gerlach – Kluwen (Arbeiderspers)
K. Michel – Bij eb is je eiland (Augustus)
Albertina Soepboer – De trektocht (Contact)
Leonard Nolens – Zeg aan de kinderen dat wij niet deugen (Querido)
Erik Spinoy – Dode kamer (De Bezige Bij,Vlaanderen)

Boarne: TzumLês fierder

24-04-12 Obe Postmalêzing Jabik Veenbaas

logo.ensafh
Obe Postma, dichter fan it ljocht

Yn de lêzing sil Jabik Veenbaas de foarnaamste tema’s út it wurk fan Postma op in tagonklike manear behannelje.
Hy sil in tal belangrike gedichten ynterpretearje oan ‘e hân fan de tema’s en yn petear mei de tahearders.
Veenbaas wennet yn Castricum en is oersetter en dichter yn it Frysk en it Nederlânsk.
Muzikale omlisting – fluitiste Martijn van Dongen (út Baar). Sy is blokfluitlerares en sil komposysjes spylje út de tiid fan de Barok.
Dizze jûn is yn it ramt fan it projekt ‘De Friese Staatsies’.
Tagong fergees.
24 april 20:00 oere,  Tresoar – Aldehouseal.
Lês fierder

27-04-12 Presentaasje Stúdzjedeibondel

logo.ensafh
Hjirby noeget it Obe Postma Selskip jo fan herten út foar de presentaasje fan de  Stúdzjedeibondel Zekerheden in waarnemingen, ûnder redaksje fan Jan Guichelaar, George B. Huitema en Hylkje de Jong en útjûn troch Utjowerij Verloren, op freed 27 april te Frentsjer. De earste eksimplaren sille oanbean wurde oan prof. dr. Cees Andriesse en dr. Huib Zuidervaart. Sij hâlde nei ûntfangst elk in foardracht. Opjefte (yn ferbân mei de planning) by de skriuwer Jan Gulmans, Wagnerlaan 7, 7522 KH Enschede, E-mail:jan@gulmans.com.
Datum: Freed 27 april 2012
Tiid: 14.45-18.00
Plak: It Planetarium Cafe, it Eise Eisinga Planetarium en it Stedhûs te Frentsjer
Programma
14.45 Ynrin: kofje en tee yn it Planetarium Kafé.
Lês fierder

Hânlieding WFT

logo.ensafh

De lêzers fan It Nijs witte grif al in skoft dat it Wurdboek fan de Fryske Taal, yn 25 (!) dielen,  klear is. En dat itonline stiet. De link dy’t yn it oarspronklike nijsberjocht stie komt  lykwols net fuortdaalks op de side fan it WFT út: der moat noch in kear trochklikt wurde en der moatte wat oare wurdboeken útfinkt wurde. Dêrom is hjir in link dy’t fuortdaalks by it WFT útkomt, en wêr’t oare wurdboeken útfinkt binne.

Boppedat binne der noch in pear dinkjes dy’t de brûker witte moat, ear’t er it WFT brûke kin. Dêrom in lytse hânlieding.… Lês fierder