Nije roman Durk van der Ploeg

logo.ensafh
Nije roman fan Durk van der Ploeg, De Belvedêre, ferskynt op 29 maart 2012
De nije roman fan Durk van der Ploeg, De Belvedêre, giet oer de neidagen fan Age Looxma-Ypeij, as er de lêste hân leit oan it testamint en geastlik de balâns fan syn libben opmakket. Dêrnjonken spilet syn twaslachtige hâlding foar Helena Mallinckrodt oer in wichtige rol yn it ferhaal. Helena wie de eardere selskipsdame fan syn mem Baudina.
Age Looxma-Ypeij libbe fan 1833 oant 1892. As grutgrûnbesitter wied er ien fan de rykste minsken fan syn tiid. Finzen yn in aristokratyske tradysje, waard fan Age ferwachte dat er in wichtige rol spile yn it maatskiplik libben.
Lês fierder

Leechsaksysk net erkend

logo.ensafh

It Leechsaksysk sil net erkend wurde as streektaal op nivo III fan it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden. Dat skriuwt minister Spies fan Ynlânske Saken as antwurd op skriftlike fragen fan it CDA. Hja fielt der net folle foar, om’t erkenning ekstra kosten, administrative lêsten en ynspanning meibringe. Dy útspraak is harren fan de Schrieversronte min nei ‘t sin. De provinsjes yn Noardeast- en East-Nederlân en de beide Stellingwerven hiene de minister om in hegere status neffens boppeneamd hânfêst frege – deselde as it Frysk – om sadwaande in bettere beskerming fan harren geaspraken by Europa opeaskje te kinnen.… Lês fierder

Advyskommisje foar Joast Halbertsmapriis bekend

logo.ensafh

De advyskommisje foar de provinsjale kultuerpriis dr. Joast Halbertsmapriis is bekend. De kommisje sil it kolleezje fan Deputearre Steaten advisearje oer de takenning fan de priis fan € 4.000.

De dr. Joast Halbertsmapriis is ornearre foar wittenskiplik wurk oer Fryslân, op it mêd fan skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskippen. De priis kin takend wurde foar ien wurk, mar ek foar it hiele oeuvre fan in auteur. De útrikking fynt altyd plak yn de Sint Pitertsjerke yn Grou, it doarp dêr’t Halbertsma libbe en wurke.

De advyskommisje bestiet út Piet Hemminga, Jan Noordegraaf en Joop Koopmans. Hemminga wurke as bestjoerskundige by de Fryske Akademy.… Lês fierder

Fryske fersen op Radio 4

logo.ensafh

Fan moandei oantemei freed sil elke dei tusken 16.00 en 18.00 oere op Radio4 yn it programma NTR Podium in troch Abe de Vries foardroegen Frysk gedicht te hearren wêze.

NTR Podium (foarhinne Viertakt Podium) is it muzykaktualiteiteprogramma op Radio4. De redaksje hat de Vries frege om fiif fan de moaiste gedichten út de Fryske poëzij út te kiezen.

De rige útstjoeringen fan takom wike is in tarieding op in útstjoering út it Natoermuseum yn Ljouwert wei op 2 april; dan sil Tsjêbbe Hettinga út eigen wurk foardrage.

Abe de Vries is útkommen op de folgjende fiif fersen:

Obe Postma, ‘Yn maart’
Jan Wybenga, ‘Koine foar twa’
Tytsy Wyngaarden, ‘ik haw praten, mei de hear’
Eppie Dam, ‘Neigeraden it noarden’
Grytsje Schaaf, ‘Standing by’

De fersen binne allegear te finen de blomlêzing út 2008, Het goud op de weg fan de Vries.… Lês fierder

Filmwedstriid Moanne fan it Fryske Boek

logo.ensafh



De Moanne fan it Fryske boek wurdt dit jier organisearre fan freed 14 septimber oant en mei snein 14 oktober. In projektgroep is drok dwaande mei de tariedings. Yn de rin fan de tiid sille wy al ús aktiviteiten bekend meitsje fia de webside www.moannefanitfryskeboek.nl.


Mei dizze brief wolle wy jo ynformearje oer in promoasje-aktiviteit dêr’t wy jo graach by belûke wolle. It giet om de útdaging in film te meitsjen fan omtrint 3 minuten wêryn’t it tema fan de Moanne fan it Fryske boek goed ta utering komt. It tema is fan’t jier SPANNING en wurdt troch Sietse de Vries, skriuwer fan it Kadoboek, ferwurke yn in Fryske thriller.
Lês fierder

Lida Dykstra skriuwt Aksjeboek foar bern

logo.ensafh

Lida Dykstra út De Knipe is de auteur fan it nije Aksjeboek foar bern. Yn gearwurking mei yllustratrise Natascha Stenvert  út it Drintse Zeijen makket se in full colour printeboek.
It aksjeboek foar de Berneboeketiid wurdt yn opdracht fan Tresoar útjûn troch de Afûk. Lida Dykstra hat al sa’n fyftich berneboeken skreaun, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Har wurk is ferskate kearen bekroand.  Natascha Stenvert is as yllustrator tige súksesfol mei û.o. de boeken fan Kolletje en har eigen printeboek ‘Bramenjam’.

Berneboeketiid
Fan 14 septimber oant 14 oktober organisearret Tresoar de Berneboeketiid. De Berneboeketiid is yn deselde perioade as de boekpromoasje-aksje fan Tresoar, de  Moanne fan it Fryske boek.… Lês fierder