Der is in brief fûn mei Fryske stikjes tekst út 1780. Dat is unyk, want der binne mar in hantsjefol Fryske brieven út de 18e ieu bekend. Dizze is skreaun troch skipper Tjebbe Rinkes oan syn frou. De brief mei Fryske fragminten is ûnderdiel fan in grutte kolleksje fan 15000 brieven. It giet om priveebrieven dy’t troch de Ingelsen op see yn beslach naam binne as oarlochsbút. It skriuwen fan Tjebbe Rinkes kaam nea by Fok Sierds yn Warns telâne. It bedarre yn de National Archives yn Londen.
Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder

