Te min Fryske boeken jongerein

logo.ensafh

Der binne te min goede Frysktalige boeken foar jongerein tusken seis en sechtjin jier. Dat seit de steatefraksje fan de FNP yn fragen oan deputearre Jannewietske de Vries.

Neffens de FNP docht de provinsje eins allinne oan taalbefoardering foar bern oant sân jier, mar freegje âldere bern ek om Frysktalige boeken. De FNP wol dat it kolleezje fan deputearre steaten dêr rekken mei hâldt by it meitsjen fan in nije taal- en kultuernota.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

De Rely en de Junior Rely

logo.ensafh

Priisfraach Rely Jorritsma Fûns

Rely Jorritsma waard yn 1905 yn Jellum berne, as soan fan in ryk man. Rely ferstoar jong oan multiple sclerose; hy is mar 47 jier wurden. Om de Fryske literatuer te stimulearjen, skreaun Rely Jorritsma yn syn testamint dat der jild bestimd wurde soe foar jierlikse prizen foar de bêste Fryske gedichten en koarte ferhalen. De Fryske Bibleteek waard ferantwurdlik foar it Rely Jorritsma Fûns. Doe’t de Fryske Bibleteek yn 1979 sluten waard, krige de gemeente Baarderadiel de ferantwurdlikheid en sûnt de weryndieling fan 1984 foarmet it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Littenseradiel it bestjoer fan it fûns.… Lês fierder

De Vries: gjin folksnasjonalisme

logo.ensafh

Yn de notysje om Ljouwert kandidaat te stellen foar Europeeske Kulturele Haadstêd steane folksnasjonalistyske teksten. Dat seit skriuwer en dichter Eeltsje Hettinga. Hy hat in pamflet oer dit ûnderwerp skreaun. Dit pamflet hat er freed yn de Blokhúspoarte oanbean hat oan deputearre Jannewietske de Vries.

De PvdA-deputearre sei fier wei bliuwe te wollen by alles dat mei folksnasjonalisme te krijen hat. Se fynt it spitich dat Hettinga mei sa’n pamflet kommen is.

Deputearre De Vries fersmiet de suggestje fan Hettinga dat de provinsje him skuldich meitsje soe oan folksnasjonalisme. De provinsje wol mei it projekt Kulturele Haadstêd krekt alle kultueren stypje en de romte jaan, sa sei De Vries.… Lês fierder

Letterenfonds: 20% besunigje

logo.ensafh

Het Nederlands Letterenfonds moet bezuinigen nu het 2 miljoen euro minder subsidie krijgt van de overheid. Dat is 20 procent van het huidige budget, zegt waarnemend directeur Tiziano Perez tegen Boekblad. Het Letterfonds gaat snoeien in werkbeurzen voor schrijvers en er mag ook geen subsidie meer besteed worden aan literaire tijdschriften in printvorm. Vorig jaar werd er nog een uitzondering gemaakt. ‘Wel zullen wij de overgang naar een digitale vorm van deze uitgaven faciliteren.’ Daarnaast gaat het Letterenfonds ook snijden in de eigen organisatie. Het aantal fte wordt tegruggebracht van 31 naar ongeveer 26 fte. ‘Dit zal zo veel mogelijk via natuurlijk verloop gebeuren, mensen die met pensioen gaan worden niet vervangen, een aantal tijdelijke contracten wordt niet verlengd.’… Lês fierder

Eijssen folget Keizer op by KH18

logo.ensafh

Henk Keizer is niet langer de eerste man van de organisatie die de kandidatuur voorbereidt van Leeuwarden voor de titel van Culturele Hoofdstad in 2018.

Keizer was sinds 2010 ‘kwartiermaker’ en creatief leider. Gemeenteambtenaar Jocco Eijssen is nu de beoogd directeur van stichting Kulturele Haadstêd 2018,

Keizer, die sinds december ziek thuis zit, wordt dan ‘creatief adviseur’ en geeft nog wel leiding aan de opstelling van het ‘bidbook’, waarmee de titel binnengehaald moet worden. Hij blijft ook de internationale contacten onderhouden.

Eijssen heeft geen culturele achtergrond, maar noemt dat zelf geen bezwaar ,,Ik heb ook bij de provincie gewerkt, dus ik heb volop contacten.”… Lês fierder

Ferdinand de Jong wint Rink van der Velde-priis

logo.ensafh

De fiifde Rink van der Velde-priis is woansdei wûn troch skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum mei it boek It dak fan de wrâld. De literêre priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt foar in boek yn it Frysk of yn in Fryske streektaal dat in breed lêzerspublyk oansprekt. Ek moat it boek yn de geast fan de yn 2001 ferstoarne Rink van der Velde skreaun wêze.

De Jong krige de priis yn it gemeentehûs yn Drachten út hannen fan wethâlder Ketelaar fan Smellingerlân. De winner krijt 1250 euro en in byld fan keunstner Anne Woudwyk.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Grien Boekje foar it Frysk

logo.ensafh

De Fryske Akademy is begûn mei it gearstallen fan in Grien Boekje foar it Frysk. Dêryn komt de standert stavering fan goed 125.000 Fryske wurden te stean. It is foar it earst yn de skiednis fan it Frysk dat soks bard. De list wurdt gearstald mei help fan besteande gegevens en útsocht mei help fan kompjûters. In groep meiwurkers fan de akademy besjocht de kar en nimt it beslút oer de wurden yn de definitive wurdlist. It Griene boekje moat foar de simmer klear wêze en ferskynt allinnich as kompjûterprogramma.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder