Kânshawwers Rink van der Veldepriis

logo.ensafh

De sjuery fan de Rink van der Veldepriis makket, yn oerlis mei de ynstellers fan de priis, de gemeente Smellingerlân en de Frieser Pers Boekerij bv, hjirby de kânshawwers bekend foar de Rink van der Veldepriis 2012:

Hidde Boersma – De gewoanste man
Ferdinand de Jong – It dak fan de wrâld
Bart Kingma – Griene simmer
Margryt Poortstra – Kofje ferkeard
Willem Schoorstra – Rêdbâd

De winner wurdt bekendmakke by de priisútrikking, woansdei 15 febrewaris om 16:00 oere yn it gemeentehûs fan Smellingerlân Gauke Boelensstrjitte 2, Drachten.

De priis sil útrikt wurde troch frou Nieske Ketelaar, wethâlder fan kultuer. De plechtichheid is frij tagonkelik.… Lês fierder

Perio-Pamflet oer KH-2018 + update

logo.ensafh

Wolle Ljouwert en de provinsje Fryslân har kandidaat stelle foar de titel fan Europeeske Kulturele Haadstêd 2018 op basis fan in (nije) nochal kwealik rûkende folksnasjonalistyske ideology?

Yn De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018, nûmer 1 yn de searje Perio-Pamflet, dy’t oare wike yn Ljouwert presintearre wurdt, [ plak en datum folgje noch ] makket Eeltsje Hettinga in krityske en yngeande analyze fan it troch de Koöperaasje Fryslân 2040 gearstalde rapportFan de minsken en de grûn. Toekomstagenda Fryslân Duurzaam 2040, dat  as in blaudruk en basisstik tsjinne hat foar de notysje Nocht oan de takomst fan de Koöperaasjegroep 2018, dy’t ek dwaande is mei it skriuwen fan it bidbook foar de Kulturele Haadstêd 2018.… Lês fierder

Romanpriisfraach KFFB

logo.ensafh

Wy wolle jim omtinken freegje foar it folgjende:

It bestjoer fan de KFFB De Fryske boekeklub skriuwt alle jierren in priisfraach út foar romanhânskriften. Wat frege wurdt is in ienfâldich, mei fakmanskip skreaun ferhaal, gaadlik foar in breed publyk. In karkommisje beoardielet de ynkommen manuskripten.

Komt it manuskript foar útjefte yn de beneaming en wurdt it yn de abonneminte-rige foar de likernôch 1500 leden fan de KFFB opnommen, dan stiet dêr in priis fan €2500,00 foar oer. De priis wurdt yn ien kear útbetelle en is belêstingfrij.

De KFFB De Fryske boekeklub jout net allinnich romans út; in besite oan ús hiemside www.kffb.nlLês fierder

Bruinja nominearre foar Ida Gerhardt Priis

logo.ensafh

Nominaties Ida Gerhardt Poëzieprijs bekend

Vandaag heeft Jacques Klöters, voorzitter van de jury, de nominaties voor de Ida Gerhardt Poëzieprijs 2012 bekendgemaakt. Uit 100 inzendingen koos de jury de volgende drie bundels:

Tsead Bruinja, Overwoekerd (Cossee)
Anne Vegter, Eiland berg gletsjer (Querido)
Henk van der Waal, Zelf worden (Querido)

Op vrijdagavond 16 maart 2012 zal in de Burgerzaal in Zutphen bekend worden gemaakt wie van de bovenstaande dichters de Ida Gerhardt Poëzieprijs 2012 in ontvangst mag nemen. De gerenommeerde prijs, in 1998 ingesteld door de gemeente Zutphen, bestaat uit een geldbedrag van € 2.500. Eerdere winnaars zijn Kees ’t Hart, Anneke Brassinga, Lloyd Haft, Astrid Lampe, Nachoem M.… Lês fierder

Studinten Frysk útnoege foar priisútrikking

logo.ensafh

Alle jierren skriuwt De Volkskrant yn gearwurking mei it Prins Bernhard Cultuurfonds de oersetwedstryd ‘Nederland Vertaalt‘ út. Yn ferskate talen wurde stikken poëzij en songteksten oanbean om oer te setten. Under lieding fan dosint Anne Popkema ha trije studinten – Alies Post, Roelof van de Belt en Baukje Pijnacker – yn it ramt fan de module Taalfeardigens I in Fryske oersetting makke en ynstjoerd fan Pink Floyd’s ‘Wish You Were Here’.

Alhoewol’t de prizen noch net ferdield binne, is it oersetgroepke al wol troch de wedstrydlieding útnoege om by de útrikking oanwêzich te wêzen en mei te dwaan oan in profesjonele workshop oersetten, op sneon 25 febrewaris yn it Muzykgebou oan ‘t IJ yn Amsterdam.”… Lês fierder

Ynauguraasje Alex Riemersma

logo.ensafh

(tekst: NHL en Stenden)

Inauguratie lector dr. Alex Riemersma bij NHL Hogeschool en Stenden Hogeschool

Lectoraat Fries en Meertaligheid in Onderwijs en Opvoeding

Op donderdag 9 februari houdt Alex Riemersma aan NHL Hogeschool zijn inaugurele rede met als titel ‘Gelijkwaardigheid en continuïteit van meertalig onderwijs in Europees perspectief’. Het lectoraat Fries en Meertaligheid in Onderwijs en Opvoeding is een samenwerking van NHL Hogeschool en Stenden Hogeschool. Naast de rede van Riemersma geeft prof. dr. Jarmo Lainio, van de Universiteit van Stockholm en lid van het Committee of Experts of the European Charter for Regional or Minority Languages, een presentatie over de mogelijke rol van het Charter voor de bevordering van taalonderwijs in minderheidstalen.… Lês fierder

Hessel van der Wal ferstoarn

logo.ensafh

Yn syn wenplak Bakkefean is kabaretier Hessel van der Wal ferstoarn. Van der Wal begûn as programmamakker by de RONO, de foarrinner fan Omrop Fryslân. Letter gie er de kabaretkant op, wêrby er sels op it toaniel stie mar ek teksten skreau foar oaren. It giet dan ûnder oare om Fons Jansen. Van der Wal, dy’t longkanker hie, is 73 jier wurden.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder