Brânbrief provinsjale literêre prizen

logo.ensafh

Underwerp: in brânbrief oer de provinsjale literêre prizen

Achte Provinsje,

Al earder hat It Skriuwersboun, dé belangebehertiger fan skriuwend Fryslân, in advys útbrocht oer it te folgjen belied op it mêd fan literêre prizen. Om’t hjir fierder neat mei dien is en der noch altyd in soad misbeteart skriuwe wy dit brânbrief. Want It Boun stelt op ’e nij fêst dat de útrikking fan literêre prizen sa stadichoan mear farce as feest driget te wurden. En dat wylst de Provinsje te pas en te ûnpas te witten docht dat de Fryske taal de kearn fan de Fryske kulturele identiteit is, foarsafier’t dy teminsten bestiet.… Lês fierder

Sympoasium Erasmus en de Friezen

logo.ensafh

De Fryske Akademy organisearret yn ’e mande mei it Huygens-ING en Tresoar it sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’. Dit sympoasium wurdt holden op woansdei 30 novimber fan 10.00 oant 17.00 oere yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert.

Soad gelearden
De humanist Erasmus hat yn syn brieven net allinne de molke- en turfopbringste fan Fryslân priizge, mar ek de geleardheid fan de Friezen. Yn in brief (1499) oan de út Boalsert ôfkomstige Johannes Sixtinus ferlike de Rotterdamske humanist Fryslân mei in fruchtbere mem dy’t in soad gelearden berne hat. Erasmus en de Friezen hawwe likernôch sechtich brieven útwiksele dy’t de basis foarmje foar it sympoasium ‘Erasmus en de Friezen, Friezen en Erasmus’.… Lês fierder

Ôfsluting Keppelfeest

logo.ensafh

Slotfeest “net kneppelje mar keppelje”op 19 novimber yn Boalsert.

Jûnsprogramma om 19.45 yn de Broeretsjerke:

In bûnt en fleurich programma fol ferassingen ûnder lieding fan Gryt van Duinen mei : Albert Bonnema , Rients Gratama , fanfare Oranje ûnder lieding fan Andries Kramer, Miss Friesland 2011, Hardslag , Jan Arends , Marijke Geertsma , Andrew Wise , Herman Peenstra, It kwartettekoar , Hindrik van der Meer, Anitra Jellema, Nienke de With , Romke Gabe Draaier, Wout Zijlstra, studinten fan “de Friese Poort en Gooitsen Eenling .
Dêr komt in iepen diskusje oer de takomst fan it Frysk: “wat seit in taal” mei Gryt van Duinen, Dr.… Lês fierder

Frans Denissen kriget Nijhoff Priis

logo.ensafh

Het Prins Bernhard Cultuurfonds kent de Martinus Nijhoff Prijs / Prins Bernhard Cultuurfonds Prijs voor Vertalingen 2012 toe aan Frans Denissen. Hij ontvangt deze prijs van 35.000 euro voor zijn vertalingen van Italiaanse literatuur naar het Nederlands. De uitreiking vindt plaats tijdens de landelijke vertaalmanifestatie ‘Nederland Vertaalt’ op 25 februari 2012.

www.cultuurfonds.nl/martinusnijhoffprijs

Frans Denissen publiceerde in 1982 zijn eerste literaire vertaling uit het Italiaans; in 2011 verscheen zijn magnum opus, Gadda’s De leerschool van het lijden. In de tussenliggende drie decennia produceerde Denissen een vertaaloeuvre van uitzonderlijk niveau. Tot zijn vertalingen behoren de middeleeuwse klassieker Decamerone van Giovanni Boccaccio, proza van vooraanstaande 20e-eeuwse schrijvers als Leonardo Sciascia, Curzio Malaparte en Umberto Eco, de modernistische meesterwerken van Carlo Emilio Gadda en de grootse poëzie van Cesare Pavese en Eugenio Montale.… Lês fierder

Nr. 6 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It sechsde nûmer fan 2011 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint


Ynhâld ensafh nû. 6 yn print

3 Redaksjoneel
Jelma Knol
4 Saint Martial (proaza)
Piter Boersma
17 Wat de dichter sjen lit (besprek fan de bondel Tongfal fan Edwin de Groot)
Nyk de Vries
22 Untwikkeling (proaza-gedicht)

André R. Looijenga

23 Ien spetterjende show…of in klassiker yn sellofaan? (besprek Feroarings fan Stal fan Ovidius yn de oersetting fan Klaas Bruinsma)
Michel Dijkstra
32 Ik haw him sjoen (besprek fan de bondel kristus Pavlov fan Cornelis van der Wal)
Hein Jaap Hilarides
37 Weze at ’t is (poëzy)
38 Lêg ’t ôf / lêg ’t paad ôf (poëzy)
Janneke Spoelstra
39 Jetske Lenige en Marike Rommerts, skriuwe yn it skaad fan Kynke (artikel)
Jan Kleefstra
61Twa Gedichten
Peter Popma
63 Pinsjonado (poëzy)

Redaksjoneel

Under my dikke pakken wolken dy’t it fêst frijwat dûnker meitsje dêr fier ûnder ús.… Lês fierder

Nr. 5 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It fyfde nûmer fan 2011 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint


Ynhâld ensafh nû. 5 (Rely Jorritsma-nûmer) yn print

3 Redaksjoneel (André Looijenga)
Sytse Jansma
7 Dagen ferwaaie (poëzy)
Lida Dysktra
8 De jonge dy’t Koraal neamd waard (proaza)
19 Hendrik Elings – Tekening
Jetze de Vries
20 Fjoerdûnsers (poëzy)
Sipke de Schiffart
21 Koosje (poëzy)
R.L.M. de Boer
22 Tsjong!Lês fierder