Gedichteswerfaksje

logo.ensafh

Yn Drachten komme gedichten te lizzen. In lytse 15 dichters út de omkriten fan Drachten fine dat te min minsken yn de kunde komme mei poëzij. Se ha dêrom de Gedichteswerfaksje opset.
By dizze aksje wurde gedichten op allegear plakken yn Drachten dellein lykas de apoteek en De Lawei. Minsken kinne de teksten dan lêze en meinimme nei in oar plak yn ‘e provinsje. De aksje duorret twa moannen. Doel is om gedichtebondels populêrder te meitsjen en om de ferkeap fan gedichtebondels wat te stimulearjen.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Fryslân DOK oer Fryske kultuer

logo.ensafh

‘Salang’t de wyn fan de wolken waait en gers groeit en de beam bloeit en de sinne opgiet en de wrâld bestiet. Salang sille de Friezen en harren kultuer bestean bliuwe.’It is foarsein troch de Midsieuske Asega’s yn de Aldfryske wetsteksten.

Mar hoe stiet it eins mei dy Fryske kultuer? Sechtich jier ferlyn, op 16 novimber 1951, stie it Ljouwerter Saailân fol mei Friezen dy’t opkamen foar har eigen taal en identiteit. Hat dat wat opsmiten? Is de Fryske kultuer 60 jier nei Kneppelfreed de muoite fan de striid noch altyd wurdich? Is dy kultuer sa ryk, libben en ynteressant dat wy gading meitsje kinne nei de earetitel Kulturele Haadstêd 2018?… Lês fierder

Tankwurd Van der Ploeg

logo.ensafh

Tankwurd by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2011

Achte oanwêzigen,

Nei alle goede wurden dy’t hjir sprutsen binne, wol ik noch in pear dingen sizze. De takenning fan de Gysbert Japicxpriis foar myn hiele oeuvre, tsjûget fan grutte wurdearring. Dy wurdearring komt op my oer as de erkenning fan in heale ieu skriuwen. Net dat ik op dy erkenning siet te wachtsjen, want wurdearring freget geduld en ôfwachting. Boppedat, jo komme stadichoan op in leeftiid, dat jo jo neat mear sizze litte. Dêrby, it grutte tal lêzers fan myn wurk sjoch ik as in wichtich ûnderdiel fan dy erkenning. Lykwols, wurdearring of net, skriuwe is foar my in libbensferlet.… Lês fierder

25/26-11-11 Explore The North

logo.ensafh

Explore the North is een nieuw multidisciplinair cultureel festival in Leeuwarden en omgeving dat voor de eerste keer plaatsvindt op vrijdag 25 en zaterdag 26 november 2011. Het programma richt zich op muziek, literatuur en poëzie rondom schrijvers en muzikanten die zijn geworteld in de noordelijke cultuur. Het verbinden en versterken van gelijkgestemde kunstenaars uit het noorden is een essentiële doelstelling van het festival. Door het geven van opdrachten aan kunstenaars en door aan te sturen op het ontstaan van nieuwe internationale uitwisselingen is Explore the North meer platform dan festival.

Hang naar het noorden
De hang naar het noorden staat in Europa symbool voor rust, ruimte, ontdekkingskracht, vrijheid, avontuur en de poëtische leegte van het landschap.… Lês fierder

Stúdzje Frysk ferdwynt út Grins

logo.ensafh

De stúdzje Frysk ferdwynt oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Dat jildt ek foar de measte oare talestúdzjes. Allinne Nederlânsk, Ingelsk en Klassike Talen bliuwe yn har hjoeddeiske foarm bestean.

Meikoarten kin men yn Grins allinne mar Europeeske Talen mear studearje. Dat is in trijejierrich program op bachelornivo, dat fakken oanbiedt oer bygelyks meartaligens, literatuer, taalkunde, Europeeske polityk en taalskiednis. Yn dat program kinne de studinten 20 fan de mei-inoar 180 stúdzjepunten ynfolje mei kursussen Frysk of in oare taal fan harren foarkar. Fierders kinne se yn de frije romte en yn de kar fan bygelyks in skripsjeûnderwerp of in staazje noch wat ekstra omtinken jaan oan dy taal.… Lês fierder