Taspraak deputearre De Vries Gysbert Japicxpriis 2011

logo.ensafh

Taspraak dep. Jannewietske de Vries by útrikking
Gysbert Japicxpriis oan Durk van der Ploeg.

Achte oanwêzigen/Bêste minsken,

It moat my mar fuortendaliks fan it hert: einlings hat Durk van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis! Gelokkich, ik kin net oars sizze.
At der ien de priis fertsjinnet, dan Van der Ploeg. Alle kearen neamd, nea wûn. Wat wie ik bliid dat ik Durk van der Ploeg lêsten moarnsbetiid belje mocht om him te fertellen dat er dizze priis krije soe.

Dêrmei is de erkenning realisearre fan in grut skriuwer, mei in grut oeuvre. No wie dizze erkenning der altyd wol, fan de lêzers, mar at je dan altyd op ien nei earst binne, dan kin ik my yntinke dat je wolris wat teloarsteld binne.… Lês fierder

Advys kommisje Gysbert Japicxpriis 2011

logo.ensafh

Advyskommisje

Oan: Deputearre Steaten fan Fryslân
t.a.f. Jannewietske de Vries, kultuerdeputearre

Fan: advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2011
(Sietske de Jong, Ate Grijpstra en Willem Verf)

Ikkerwâld, 30 augustus 2011.

Acht kolleezje,

Hjirby advisearje wy de Provinsje Fryslân de Gysbert Japicxpriis 2011 ta te kennen oan Durk fan der Ploeg, skriuwer te Noardburgum. Fierderop yn dit brief fine jimme in wiidweidige ynhâldlike motivaasje foar dit advys.

Alderearst wolle wy as kommisje graach in advys útbringe oer it karakter fan de priis. Wy fûnen it dreech om alle sjenres literatuer, útsein poëzij, yn ús oardielsfoarming te belûken. Boppedat moasten wy kieze oft wy de priis takenne moasten oan in inkeld boek of foar in heul oeuvre.… Lês fierder

Laudatio foar Durk van der Ploeg

logo.ensafh

Laudatio fan Bert Looper

Achte oanwêzigen, achte Van der Ploeg,

Yn 2007 kaam ik nei 32 jier wer werom yn Fryslân. Durk van der Ploeg wie de earste Fryske skriuwer dêr’t ik doe oer de flier kaam. Ja, Van der Ploeg, jo sjogge no wat ferheard want de wurden ‘oer de flier komme’ suggerearje in relaasje dy’t der yndie net is. Sterker noch, jo witte faaks net iens dat ik by jo oer de flier kaam want jo moasten dy deis wat yn de tún omskarrelje en sa koe ik mei de makelaar troch jo hús hinne strune…. Ik wist sels ek net dat ik in besichtiging hie by de skriuwer Durk van der Ploeg, mar ûnder de rûnlieding kamen de makelaar en ik ek yn in studearkeamer en dêr waard it foar my dúdlik: ik stean hjir yn it hillichdom fan Durk van der Ploeg!… Lês fierder

Boeken fan Fryslân online

logo.ensafh

De stichting Boeken fan Fryslân stelt him ta doel om de ferkeap fan Frysktalige boeken en boeken oer Fryslân of Fryske ûnderwerpen te befoarderjen troch ûnder oare:

a. it organisearjen fan lytsskalige sutelaksjes;
b. kontakt te sykjen mei oerheden, bedriuwen, organisaasjes en ynstânsjes mei útstellen en oanbiedingen;
c. it organisearjen fan boekferkeapaktiviteiten yn brede sin;
d. ûnder ‘boeken’ wurde hjir ek ferstien Frysktalige byld- en/of lûddragers.

It bestjoer fan de stichting telt bestiet út fertsjintwurdigers fan de Bibliotheekservice Fryslân en de Fryske útjouwers: Afûk, Audiofrysk, Bornmeer/Steven Sterk, Elikser, Friese Pers Boekerij, Frysk & Frij, Hispel en KFFB en hat in ûnôfhinklike foarsitter.… Lês fierder

Bohai Bay op Noordelijk Filmfestival

logo.ensafh

Premiêre op het Noordelijk Filmfestival

Elmar Kuiper en Sytze Pruiksma presenteren Bohai Bay op het Noordelijk Filmfestival in Leeuwarden. Bohai Bay is een waddengebied in de buurt van hoofdstad Beijing en de titel van een poëtisch verslag van een reis naar China. Sytze Pruiksma filmde het geheel, waarna Elmar Kuiper een epische trilogie monteerde waarin verschillende verhaallijnen langs elkaar lopen en de relatie tussen mens en natuur centraal komt te staan.

De muziek en gedichtfragmenten zijn van Nils Frahm, Greg Haines, Tsjębbe Hettinga, Jan Kleefstra, Romke Kleefstra, Christiaan Kuitwaard en Sytze Pruiksma, live opgenomen tijdens Klanklânskippen 1 in de Lawei te Drachten.… Lês fierder

De gitaer by it boek

logo.ensafh

Yn it ramt fan de betinking fan “Kneppelfreed”, no 60 jier ferlyn, komt de “De gitaer by it boek” op’e nij út. Fedde Schurer (1898-1968) makke mear as hûndert “bibelske chansons” dy’t benammen troch Roel Slofstra, De Dobber en Pabo De Him rûnom bekend waarden. Op inisjatyf fan in kommisje út de Ried fan de Fryske Beweging dy’t ek it sechtich dagen “Flagje foar taal” betocht, ferskynt “De gitaer” op’e nij. Alle 118 teksten wurde ûnder deselde titel wer útjûn troch de KFFB, en in seleksje fan 36 lieten ferskynt by muzykútjouwerij “Intrada”, ûnder de namme “In spyltúch”.Dizze bondel befettet bewurkingen fan de eardere meldijen, mar ek folslein nije komposysjes foar gemeentesang, koar, sjonggroepen en solisten.… Lês fierder