26-10-11 Ik en wij in Fryslân

logo.ensafh

Yn it ramt fan de Maand van de Geschiedenis organisearret de Fryske Akademy op woansdei 26 oktober de workshop ‘Ik en wij in Fryslân. Vormen van Friese identiteit door de eeuwen heen’. Fan 14.00 oere ôf litte fjouwer spesjalisten harren ljocht skine oer spesifike foarmjouwers fan de Fryske identiteit yn de Midsieuwen en yn de Ier-moderne Tiid. De workshop wurdt holden yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte te Ljouwert. Opjefte yn it foar is net nedich en de tagong is fergees.

Prof. dr. Hans Mol giet yn op de foarmjouwing en it yn kultuer bringen fan it Fryske lânskip fan de Stellingwerven.… Lês fierder

Advyskommisjes Fedde Schurerpriis en Obe Postmapriis oan it wurk

logo.ensafh

11 oktober 2011

De advyskommisjes foar de provinsjale kultuerprizen Fedde Schurerpriis en de Obe Postmapriis kinne los. De beide advyskommisjes sille Deputearre Steaten advisearje oer de takenning fan de prizen, dy’t elk út in jildbedrach fan € 2.000 bestiet.

Obe Postmapriis

De Obe Postmapriis wurdt útrikt foar oersettings yn alle sjenres, út in frjemde taal yn it Frysk en oarsom. Marijke de Boer, Hein Jaap Hilarides en André Looijenga binne troch it kolleezje fan Deputearre Steaten beneamd ta leden fan de advyskommisje. De Boer wurket by Omrop Fryslân en Tryater. Hilarides is skriuwer en dichter, Looijenga redakteur fan it literêr tydskrift Ensafh.… Lês fierder

Gysbert Japicxpriis foar Durk van der Ploeg

logo.ensafh

De skriuwer Durk van der Ploeg krijt de Gysbert Japicxpriis 2011. Van der Ploeg krijt de priis, de wichtichste literatuerpriis yn it Fryske taalgebiet, foar syn folsleine wurk. De priis bestiet út in jildbedrach fan € 5.000.

Gjin boek mei kop en skouders der boppe-út

De Gysbert Japicxpriis wurdt ienris yn ‘e twa jier takend, foar in publikaasje, likegoed as foar it folsleine wurk fan in skriuwer. De iene kear wurdt proaza bekroand, de oare kear poëzij. De kommisje dy’t it kolleezje advys oer de priis útbrocht hat, wie fan betinken dat de kwaliteit fan de meast resint ferskynde boeken, dichtbondels en oare literêre sjenres heech wie, mar koe gjin boek oanwize dat der mei kop en skouders boppe-út stuts.… Lês fierder

22-10-11 Poëzie in de Oldehove

logo.ensafh

Tijdens de Dag van de Leeuwarder Geschiedenis op 22 oktober aanstaande zal er een poëzieavond worden gehouden in de Oldehove. Bekende Friese dichters zullen er gaan voordragen, maar ook enkele minder bekende poëten zullen het unieke podium boven in de Oldehove gaan betreden. Zeker is dat allen naast hun ‘gewone’ eigen werk minstens één gedicht over de Oldehove gaan voordragen. Arjan Hut (ex stadsdichter van Leeuwarden) is een Fries schrijver/dichter, die vooral in het Fries schrijft, maar soms in het Nederlands. Zijn bekendste gedichten zijn ‘Under de Toer’ en het lange voordrachtsvers ‘Fjoertoer de Aldehou’. Yva Hokwerda woont en werkt dicht bij de Oldehove.… Lês fierder

Sjueryrapport Gouden Gurbe

logo.ensafh

We hawwe, Anne Zijlstra, Wim Vervoort en ik as sjuery net de moaiste simmer fan’e ieu troffen, en sa lang is dy ieu noch net. Mar wol wer in eksplosy fan kreativiteit dy’t uteinlik mear yndruk makke as buien en hurde wyn en in waarmte joech dy’t de bûtentemperatoer fier en fier oertrof.

Lês fierder by GoudenGurbe, de priis foar de bêste Iepenloftspullen.… Lês fierder