Mei griene sjippe en spûnsen binne de Vrouwen van Nu fan Grou sneontemoarn it byld fan Eeltsje Halbertsma te liif gien. It is de bertedei fan de âld-húsdokter fan Grou. Hy is berne op 8 oktober 1797. Syn byld by de yngong fan it park oan de Stasjonswei yn Grou stiet der wat fertuteaze by. Dêrom setten de froulju in skjinmakaksje op tou.
Eeltsje Halbertsma skreau tegearre mei syn broer Joast it standertwurk yn de Fryske literatuer Rimen en Teltsjes.
Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder