De Fryske taal libbet noch lang en gelokkich

logo.ensafh

Noch altyd kinne Friezen op de mear sjauvinistyske mominten roppe dat men allinnich foar god knibbelet en de Slach by Warns betinke, feit is dat de romrofte Fryske Frijheid al ieuwen ferlyn ferlern is en it swiertepunt wat bestjoer, ekonomy en media yn Hollân (cq. de Rânestêd) leit. Fryslân is yn Nederlân in perifeare regio dy’t op soksoarte fan domeinen efterop rekke is…

Lês mear oer de fitaliteit fan de Fryske taal, in essay yn seis parten fan Johannes Beers.… Lês fierder

Winners Fryske Palindroomwedstryd bekend

logo.ensafh

Anne Popkema hat de winners fan de Earste Fryske Palindroomwedstryd bekend makke. It tal ynstjoerings wie lyts, mar der wie yn alle gefallen kar mooglik.

It langste formeel grammatikale – sij it frijwat ûnbegryplike, mar dêrtroch nammerste yntrigearjender – palindroom is fan Maaike Andringa, en it is dizze:
“He?! Sist Mo (kat) tsjin mij: “Ta! Se gnize ‘t út om Ram, nei tsien neven neist ien marmot út Ezinge, sa’t jim nijs ‘t takomt, sis!”? Eh…”

Wat de sjuery as it moaiste palindroom beskôget, is de ynstjoering fan Henk Wolf:
“Net tije! Tep ús lof, jim famkes. It is ek maf mij fol sûpe te jitten.”… Lês fierder

07-07-11 Poëzyjûn Alde Leie

logo.ensafh

Poëzyjûn yn doarpshûs Us Gebou, Alde Leie!

Tongersdei 7 july 2011.

Oanfang: 20.00 (ynrin: 19.30 oere).

Ta gelegenheid fan it útkommen fan de twadde dichtbondel fan Janneke Spoelstra,

Langst fan ’e dagen

Mei optredens fan ’e dichters/dichteressen:

Abe de Vries (1965), wennet yn Aldebiltsyl, Gysbert Japicx-priiswinner 2005.
Edwin de Groot (1963), wennet yn Aldehaske, Rely Jorritsma-priiswinner 2007.
Ruurdtsje de Haan (1961), komt út ’e Wâlden, Fedde Schurer-publykspriiswinner 2005.
Janneke Spoelstra (1962), Alde Leie, skreau de dichtbondel Goeie is it wachtwurd (2004) en
de ferhalebondel In Jikse-libben (2008).

Presintaasje: Jelma Knol, redakteur Friese Pers Boekerij.
Muzyk: Gelske Bergsma, pianiste.

Binne jimme/bisto fan doel om dizze jûn by te wenjen, dan graach even trochjaan foar 5 july oan: oerset@planet.nl… Lês fierder

22-06-11 Presintaasje ‘Drang’

logo.ensafh

Presentatie Drang, de nieuwe cd van Sido Martens

‘Drang, omdat ik het niet laten kan. Omdat het er is, zich manifesteert en een uitweg zoekt. Drang is een nurkse nar, een lichtzinnige zwartkijker die mijn dromen bespookt en mijn dagen bevlindert. Drang is energie, levenskracht, passie. Drang is belastend, verstikt en maakt onzeker. Drang is meeslepend en bedreigend. Drang is kokerdenken en kamerbreed bevrijdend.’

Drang heet de nieuwe cd van Sido Martens die op woensdagavond 22 juni wordt gepresenteerd op landgoed Stania State in Oenkerk.

Dichter Remco Kuiper en damesduo Novelle zijn de speciale gasten.

Een zomeravond vol muziek en poëzie op het terras onder het beukenlover naast de Brasserie van Stania State (en bij slecht weer lekker binnen).… Lês fierder

Fryske palindroomwedstryd

logo.ensafh

De earste offisjele Fryske palindroomwedstryd!

In palindroom is in saneamde ‘symmetryske sekwinsje’: wurden of sinnen dy’t, as men de letters omdraait, gelyk bliuwe yn foarm en betsjutting. Tink oan: leppel, Anna, mem, of in sin: “Murk leppele de la om enne… Mo âle de leppel krûm”. Fryske palindromen binne der noch sa goed as net, leart in koarte syktocht op it ynternet. Dat moat oars. Hjirby skriuwt Taalburo Popkema (Grins) in priisfraach út om it moaiste en/of it langste Fryske palindroom te meitsjen. Oan it boppeneamde palindroom-sintsje is fuort ek te sjen dat by in palindroom mei ynterpunksje, spaasjes, diakritika en haadletters gjin rekken holden hoecht te wurden, en ek dat it mei de noarm fan it Frysk (alteast by dizze priisfraach) net sa nau hipt (it is ommers eins: it laad, en net: de la…).… Lês fierder