Klik hjir foar de pdf… Lês fierder
Klik hjir foar de pdf… Lês fierder
Nije edysjes fan kulturele en literêre tydskriften út Flaanderen. Te finen op http://www.detijdschriften.be… Lês fierder
It Skriuwersboun fynt dat it nije kolleezje fan deputearre steaten mear jild frijmeitsje moat foar Fryske útjeften. Op de gearkomste fan sneon ha de leden fan it Skriuwersboun de ûnderhannelers fan it nije kolleezje oproppen om it besteande budzjet fan 90.000 euro te ferdûbeljen.
Neffens de skriuwers is mear jild nedich om Fryske útjeften ek yn nije ferskiningsfoarmen lykas e-books en audioboeken de fuotten ûnder it gat te jaan.
It ekstra jild dat de provinsje tydlik beskikber steld hat om de PR en distribúsje fan Fryske útjeften te ferbetterjen soe neffens it Skriuwersboun struktureel makke wurde moatte.
Boarne: Omrop Fryslân… Lês fierder
Mei û.o.: Sociale media zijn onmisbaar in het hoger onderwijs. Dat stelt Dirk Vander Beken, docent aan de Karel de Grote-Hogeschool in Antwerpen. Of spreekt hij zichzelf tegen?
‘It skouke fan pake…’ reizgje tusken werklikheid & ferbylding: ferhalen & muzyk fan Bennie Huisman & tal fan gasten.
Elk minske is haadpersoan yn syn eigen libbensferhaal. Skriuwers, dichters & sjongers brûke wat se meimeitsje of meimakke ha yn ferhalen, fersen & lieten. Mar wat is der fan wier? En wat is ferbylding? Bennie Huisman skreau foarich jier in roman mei in auto-biografyske ynslach: ‘Lytse histoarje fan langst’. No wurket er oan in boek oer Wibren Altena, de skepper fan de ‘Ballade fan Longerhou’. Hy siket de spoaren fan dizze dichter & foardrager, lykas er foar de roman syn eigen spoaren socht.… Lês fierder
Yn ôflevering 3 fan ensafh stie in fraachpetear mei Marten Winters oer syn projekt It Skip De Lading.
Hjir in ferslach oer de fuortgong.
De Ljouwerter stedskeunstner Marten Winters bout yn ‘e mande mei studinten, frijwilligers en (reyntegraasje)bedriuwen it tweintich meter lange skip De Lading. It houten raamt leit op it twadde plein fan de eardere finzenis De Blokhúspoarte yn Ljouwert. Op freed 1 april 2011 is de feestlike start fan it plakken fan papier masjee op it skip. It is de bedoeling dat it hiele skip bedutsen wurdt mei gaas en dêrop in laach papier masjee komt. Dat moat in solide konstruksje wurde, sadat Marten der fan ’t hjerst echt mei te farren kin.… Lês fierder
De VvL heeft zich de afgelopen maanden gestoten aan de laatdunkendheid waarmee gesproken wordt over kunst en kunstenaars. Als een van de oudste beroepsverenigingen van kunstenaars in Nederland, willen wij lucht geven aan ons onbehagen.
Lês fierder by de VVL… Lês fierder