Ut de bestjoersgearkomste fan It Skriuwersboun fan 1 april 2011
• Tryntsje van der Veer hat har beskikber steld as bestjoerslid, se sil op 9 april grif keazen wurde en wennet de gearkomste by om mei ús yn de kunde te kommen.
• Koos Tiemersma hat nei de gearkomste Rapport Berie fan it Frysk west. Doel wie kommentaar te krijen op in útstel fan It Berie foar it Frysk om in taalorgaan yn te stellen dat it taalbelied fan de provinsje koördinearret. De oanwêzigen wiene wakker op it skik mei it foarstel, mar der wiene ek kanttekeningen. As in Taalorgaan ynhâldt dat alderhanne no goed funksjonearjende organisaasjes opgeane yn in grize brij, is dat in fikse stap achterút.… Lês fierder

