Skriuwersboun siket bestjoerslid en organisatoaren

logo.ensafh

Fan de bestjoerstafel, 11 febrewaris:
De ledegearkomste is 9 april. Tema: “Hoe krij ik myn boek útjûn?” It bestjoer hat de statuten oanpast, dy wurde dan oan de leden foarlein. Elske Schotanus en Jan Schotanus binne ôftrêdend, Elske is net werkiesber. Kandidaten foar in sit yn it bestjoer kinne belje mei ien fan de bestjoersleden of in mail stjoere neiskriuwersboun@hotmail.com. It bestjoer komt seis kear yn it jier by elkoar, derneist is der oerlis mei partijen yn it literêre fjild en wurdt in tal aktiviteiten op priemmen set. Aktiviteiten wurde òf troch it bestjoer sels organisearre òf der wurd in wurkgroep foar ynsteld.… Lês fierder

Winneres ‘ûnmooglike leafde’ bekend

logo.ensafh

Falentynsdei 2011: Winneres ‘ûnmooglike leafde’ bekend

Marin Leus út Den Haag  hat de wedstriid ‘Meitsje in monumint foar de ûnmooglike leafde’
wûn mei de ynstjoering fan in film. Sy studearret oan de foto-akademy en wenne eartiids yn Ljouwert.
Neffens de sjuery dy’t bestie út Willem Schoorstra, Renate Kuivenhoven en Halbe Piter Claus, hat Marin’s ynstjoering it bêste it tema ferbylde. Har film en alle oare ynstjoerings binne te besjen op www.flst.nl

De wedstriid is opset om it boek ‘Swarte ingels’fan Willem Schoorstra te promoatsjen. De ôfrûne tiid binne fia biblioteken hûnderten eksimplaren fan Swarte ingels ferspraat oer de provinsje. De beide haadpersoanen út it boek: broer en suster Hilbrand en Fardou, ferklearje inoar de leafde op Twitter en binne te folgjen as @HilbrandSwingel en @FardouSwingel.… Lês fierder

Lezerspunt.nl

logo.ensafh

In Nederland zijn meer dan 1.000.000 mensen actief met schrijven. De kans echter dat een boek van één van deze schrijvers in één van de gewone boekwinkels terecht komt is bijzonder klein. En zonder boekwinkel is verkoop van een boek vrijwel onmogelijk. De site Schrijverspunt wil dat veranderen en heeft daarom zelf een online boekwinkel opgericht met de naam Lezerspunt.

Eén van de obstakels voor beginnende en minder bekende schrijvers, die veelal genoodzaakt zijn een boek in eigen beheer uit te geven, is het beperkte aantal verkooppunten. Vaak is slechts verkoop mogelijk via een eigen site of de site van de uitgever.… Lês fierder

It skaad fan Bonifatius online

logo.ensafh

Skanomodu berjochtet:

Ferline jier is troch de Nederlandse Film- en Televisieacademie in koarte film makke oer de kerstening fan de Friezen troch Bonifatius. De film is werom te sjen op uitzendinggemist.nl en hiel aardich om eefkes te besjen.

“It jier is 754. It kristendom waait as in stoarm troch Europa. De jonge muonts Gregorius is ferkeazen om mei Bisskop Bonifatius in lêste poging te ûndernimmen om de Friezen te bekearen.”

Lês fierder