Van Loenen wint Turingpriis

logo.ensafh

De dichter Henk van Loenen is de winnaar van de Turing Nationale Gedichtenwedstrijd 2011. Dat is zojuist bekendgemaakt op een speciale avond rond deze poëzieprijs in de Stadsschouwburg te Amsterdam. Hij wint de prijs voor zijn gedicht ‘Onder de sterren’. De tweede prijs gaat naar Peter Knipmeijer en Maarten van Doremalen wint de derde prijs.

Lês fierder by TzumLês fierder

Armando wint Vsb-Priis

logo.ensafh

Aan de grootste prijs voor poëzie is een bedrag verbonden van 25.000 euro. Armando ontving de prijs vanavond in het Stadhuis van Utrecht uit handen van burgemeester Aleid Wolfsen en juryvoorzitter Maaike Meijer. Voor de VSB Poëzieprijs 2011 waren ook Paul Bogaert, Eva Cox, Kreek Daey Ouwens en Henk van der Waal genomineerd.

Lês fierder by NRC BoekenLês fierder

Lêzing Oldenhof oer toaniel online

logo.ensafh

IT FERLIES FOARBY

In foardracht oer tsien jier Frysk toaniel

Sirkwylêzing hâlden troch Bouke Oldenhof
yn Tresoar op 11 jannewaris 2011

In ûnmooglike opdracht

Oft ik in literêr-histoarysk oersjoch oer it Frysk toaniel yn de earste jierren fan dizze ieu leverje kinne soe. Sa’n fraach kin men ûnmooglik ‘ja’ op sizze. It is in ûnmooglike opdracht. Want hast elke term yn dy omskriuwing is in minefjild. As wie ik de skriuwer foar it Doarpsbelang, sa wol ik mei jim de formulearring by del: in literêr-histoarysk oersjoch oer it Frysk toaniel yn de earste jierren fan dizze ieu.

[…]

Klik hjir foar de pdf… Lês fierder

Mear en bettere Frysktalige manuskripten

logo.ensafh

It is no trije jier ferlyn dat it Skriuwersboun, as belangebehertigingsorganisaasje fan Fryske skriuwers, mei it projekt Skriuw útein set is. It doel fan it projekt is om skriuwers stipe en begelieding te jaan en sa te kommen ta mear en bettere Frysktalige literêre manuskripten. Wa’t ferhalen of fersen skreaun hat, of miskien sels in roman klearlizzen hat, mar twifelet oft it goed genôch is om te publisearjen, kin gebrûk meitsje fan Skriuw. Betûfte redakteuren beoardiele it wurk, bringe korreksjes oan en sette der kanttekeningen by. Ek wurdt der in lêsrapport opsteld dêr’t de begelieder syn miening oer it wurk yn jout en mei suggestjes komt. … Lês fierder

Oprop foar de Skriuwersarke

logo.ensafh

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan de ferneamde Fryske skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer trije kear in perioade fan maksimaal seis wiken beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei letterkundich wurk yn it Frysk of in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop. It giet om de perioaden:

moandei 18 april oant en mei freed 27 maaie 2011
moandei 6 juny oant en mei freed 15 july 2011
moandei 25 july oant en mei freed 2 septimber 2011

As minsken har ynskriuwe wolle foar in koarter tiidrek (minimaal twa wiken) kin dat ek, mar dan sille – yn goed oerlis – dy data letter neier bepraat wurde.… Lês fierder