Foar de grap waard it nije trio Jankobus Seunnenga (ûnder mear bekend fan Kobus Gaat Naar Appelscha en Pigmeat), dichter Tsead Bruinja en dichter/sjonger Meindert Talma ‘De Fryske Toppers’ neamd. Dit trio trede snein 16 jannewaris 2011 foar it earst yn dizze gearstalling op yn de Kleasterkapel fan Sibrandahûs.
Alle trije klaaid yn it swart passe se goed yn de sobere ambiânse fan de Kleasterkapel. Foardat de hearen út ein sette freget Bruinja oft elkenien yn it publyk Frysk ferstiet. Ien jout oan gjin Frysk te ferstean en Bruinja sil fierder yn it Nederlânsk. ‘Foar dy iene frou?’, freget Meindert Talma.… Lês fierder
