Posysje Fryske Akademy bedrige

logo.ensafh

De komst fan in Fryske Universiteit mei net ten koste gean fan de posysje fan de Fryske Akademy. Dat sei direkteur Reinier Salverda fan de Fryske Akademy woansdeitemiddei by in steatekommisje.
Salverda is benaud dat de KNAW, de Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskip, sa’n nije Fryske Universiteit yn stee fan de Fryske Akademy opnimme sil op harren list fan belangrike wittenskipsakademy’s.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Nij nûmer (116) Krödde is út

logo.ensafh

Dit is t stee van t Tiedschrift Krödde en t stee veur Grunneger leesders en schrievers, mit n keur van verhoalen en gedichten.

t Tiedschrift Krödde verschient sund 1982 teminsent vaaier keer ien t joar. t Blad wordt uutgeven deur Jan Glas, Willem Hartholt, Henk Kloosterman en Anneke Krijgsheld, en t wordt drokt deur Drukkerij De Marge ien Stad. Schrievers dij heur Grunneger verhoalen en gedichten ien Krödde opnomen hebben willen, kinnen t spul opsturen noar t redaksieadres.

Krödde ligt ien n bult biebeltaiken en is te koop ien boukhandels veur € 4,00 per nummer. Leesders kinnen ook abonnee worden vanzulf.… Lês fierder

Moanne fan it Fryske boek 2011

logo.ensafh

DE MOANNE FAN IT FRYSKE BOEK 2011

Yn 2011 organisearje It Fryske Boek en Tresoar foar de twadde kear “de Moanne fan it Fryske boek”. De moanne sil fan freed 16 septimber oant en mei sneon 22 oktober węze.
Skriuwer fan it kadoboek is Hylke Speerstra.

Hoewol’t in grut oantal aktiviteiten noch yn ’e stegers stiet, sille de twa ynstellings besykje om rűnom yn Fryslân it kulturele/literęre klimaat te befoarderjen. Dęrta wurdt gearwurke mei boekhannels, útjouwers, skriuwers, biblioteken en pleatslike organisaasjes.… Lês fierder

Teaterfoarstelling TETMAN STATE

logo.ensafh

Teaterfoarstelling TETMAN STATE yn WTC Hotel

Fan 13 jannewaris ôf wurdt TETMAN STATE spile, de nijste foarstelling fan BUOG, yn it penthouse fan it WTC Hotel yn Ljouwert ,op de 11e ferdjipping. De produksje is ta stân kommen yn gearwurking mei de skriuwster Baukje Wytsma.

It is in foarstelling oer kwetsbere Fryske artysten en keunstners op jierren yn in hjoeddeisk soarchhotel. TETMAN STATE is ynspirearre op it Rosa Spierhuis yn Laren. Foar dizze foarstelling wurdt de boppeferdjipping fan it WTC Hotel yn Ljouwert tydlik omboud ta soarchhotel.

Yn TETMAN STATE binne in tal ikoanen fan de Fryske kultuer út de foarige ieu byinoar swile, âlde artysten dy’t fral eartiids foar master opsloegen.… Lês fierder

Ut it bestjoer fan It Skriuwersboun

logo.ensafh

Twa leden fan it bestjoer ha nei in gearkomste by Tresoar west foar in evaluaasje fan de Moanne fan it Fryske Boek. In nije Stifting ‘Boeken fan Fryslân’ sil dwaande mei de ferkeap, yn jannewaris wurdt hjir mear oer bekend.

It Literêr Sirkwy en it Skriuwerswykein ha suksesfol west.

Nei oanlieding fan it Skriuwerswykein wurdt praat oer hoe om te gean moasjes dy’t troch de dielnimmers nei bûten brocht wurde. It punt wurdt de leden foarlein op de earstkommende ledegearkomste.

Ein novimber 2010 hat in tal leden fan it bestjoer in petear hân mei Ira Judkovskaja, de artistyk lieder fan Tryater.… Lês fierder