Op woansdei 3 novimber 2010 waard foar de 14e kear it Tomke-sympoasium holden. Dy foarm fan ynformaasje-oerdracht is spesjaal ûntwikkele foar liedsters fan bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken, mar ek foar oaren dy’t har beropsmjittich dwaande hâlde mei jonge bern. It programma waard twa kear oanbean (de middeis op ’e Jouwer en de jûns yn Burgum) en der wienen mear as 100 dielnimmers.
Dit jier koenen pjutteboartersplakken tips, foto’s en ideeën ynstjoere oer hoe’t se it tema Ferkear yn de praktyk bringe. De fiif leukste reaksjes waarden beleanne mei in echte Tomke-autopet, dy’t op it sympoasium útrikt waard oan liedsters fan Humpie Dumpie (Nijlân), De Joo-pykjes (Aldegea-W), De Bernebrêge (Bûtenpost), De Pompeblêdsjes (Kollummerpomp) en De Oesterkes (Rinsumageast).… Lês fierder