Nijs en aginda Skriuwersboun

logo.ensafh

foar it lêste nûmer fan de Oesdrip, mail skriuwersboun@hotmail.com

Aginda
6 en 7 novimber – skriuwerswykein mei as tema: ‘De skriuwer en syn boarnen’ yn hotel Gaasterland yn Riis ûnder lieding fan Pieter de Groot en mei bydragen fan Kees ‘t Hart, Lida Dykstra en Piter Wilkens.
Ynformaasje: popmadijk@hetnet.nl
26 novimber – 19.00 bestjoersgearkomst
26 novimber – 20.00 Temagearkomste yn de foarm fan in literêr kafee mei iepen poadium. Kafee Wouters yn Ljouwert (foar it stasjon oer).
Wa’t in bydrage leverje wol, kin dat yn it begjin fan ’e jûn melde by de foarsitter, Koos Tiemersma.
2011
22 jannewaris – 15.00 oere: nijjiersgearsit yn de boppeseal kafee Wouters mei in wurd fan de foarsitter en in nijsgjirrige gastsprekker.… Lês fierder

19-11-10 Konferinsje Slauerhoff

logo.ensafh

Op 19 novimber organisearret it Obe Postma Selskip yn Tresoar in landlike konferinsje oer Jan Jacob Slauerhoff (sjoch www.obepostma.nl). Sân sprekkers sille it wurd fiere. Guon lêzings geane oer Slauerhoffs heitelân; ek syn relaasje mei de Fryske dichter Obe Postma en de skriuwer Terborch binne tema’s dy’t op it aljemint komme sille. De lêzings wurde begjin 2011 yn boekfoarm útjûn. Lykop rinnend oan de konferinsje organisearret Tresoar in útstalling oer Slauerhoff.

Lês fierder by SkanomoduLês fierder

Hitfabryk freget om teksten

logo.ensafh

Je kinne Omrop Fryslân dizze wike helpe by it meitsjen fan in nij Frysk popnûmer. Ferslachjouwer Roelof Lousma freget dizze wike om suggestjes foar de tekst, de meldij, de bandleden, de opname en de promoasje. Alle dagen is hy op de radio mei oproppen. Reagearje kin op hitfabryk@omropfryslan.nl.

De tekst giet oer de leafde yn de breedste sin fan it wurd; leafde foar de bern, de frou, de freondinne of miskien wol hiel wat oars. Stjoer suggestjes nei hitfabryk@omropfryslan.nl

Yn de mande mei sjonger en lietsjeskriuwer Sipke de Boer sil Roelof Lousma mei help fan jo suggestjes in nij Frysk nûmer meitsje.… Lês fierder