Cornelis van der Wal no ek redakteur fan ensafh

logo.ensafh

Cornelis van der Wal wie fanôf begjin dit jier al webmaster fan ensafhynternet. Yn dy hoedanichheid die er fansels al redaksjewurksumheden troch syn ferantwurdlikheid foar de rubriken teleks, aginda, meidielings, poadium en blogfragminten. Mar nêst webmaster is er fan no ôf oan ek gewoan redakteur fan it tydskrift en dus meiferantwurdlik foar de twawyklikse ynternetôfleveringen fan ensafh en de sân nûmers fan ensafh yn print.

De redaksje fan ensafhLês fierder

Steaten komme gear oer it Frysk

logo.ensafh

Oprop:  Jou lûd! Kommende woansdei sille de Provinsjale Steaten gearkomme. Dan sil der redendield wurde oer de begrutting fan 2011.

De begrutting 2011 is it wichtichste dokumint foar Provinsjale Steaten om stjoering te jaan oan it belied fan de provinsje foar it kommende jier. Dêrmei wurde de finansjele kaders steld. Omdat dit in wichtich stik is, freget de Ried fan de Fryske Beweging om dêr manmachtich by te wêzen. De provinsje is fan doel om te besunigjen op it Frysk. Besunigings dy’t mei it each op de foarming fan it nije regear net ferstannich binne. Jild dat no besunige wurdt komt der yn de kommende jierren nea wer by.… Lês fierder

Nijs fan it Skriuwersboun

logo.ensafh

Nei oanlieding fan it petear tusken it Steatekomitee Frysk en it bestjoer is in brief nei it komitee stjoerd mei dêryn ús stanpunten. In ferslach fan it petear en de brief stean yn it kommende nûmer fan de Oesdrip.
De Oesdrip sil digitaal ferstjoerd wurde. Leden fan wa’t gjin mailadres bekend is wurdt fersocht om it troch te jaan oan skriuwersboun@hotmail.com. Leden dy’t gjin mail ha, krije de Oesdrip op papier.
11 nov. sil in delegaasje fan it bestjoer in petear ha mei Ira Judkovskaja fan Tryater. Der sil praat wurde oer oersettings, it skriuwen fan stikken en dêrneist sille de mooglikheden ûndersocht wurde om in workshop poadiumpresintaasje foar skriuwers op priemmen te setten.… Lês fierder

Regearakkoart gefaar foar Fryske kultuur

logo.ensafh

Het regeerakkoord kan zeer schadelijk zijn voor het in stand houden van de Friese cultuur, het Frysk-eigene. Die zorg uitte Commissaris van de Koningin Jorritsma gisteren in de wandelgangen van het IPO-congres in Zwolle. ,,Er dreigt een enorme verarming van de eigenheid van de provincie.”

De provincie krijgt volgens het regeerakkoord meer zeggenschap over ruimte, economie en natuur. Daar is CdK Jorritsma zoals de zaken er nu bij liggen content mee. Er staat tegenover dat de provincie geen rol meer speelt bij het stimuleren van cultuur. Jorritsma noemt dat ,,heel zorgelijk”.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Tsjêbbe Hettinga skreau fers Provinsjehûs

logo.ensafh

Jins dreamen no, jins skiednis skielk, dy dichtrigel siert sûnt hjoed it nije Provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. De rigel is te lêzen op in bysûndere gevelstien by de haadyngong fan it nije gebou.

Frysk dichter Tsjêbbe Hettinga skriuwt de rigel yn in gedicht dêr’t hy yn opdracht fand e provinsje Fryslân de betsjutting fan it Fryske lân foar de Fryske mienskip yn ferwurdet. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma en deputearre Tineke Schokker-Strampel ûntbleaten tiisdeitemiddei, tegearre mei de foarsitters fan it Frysk Jeugdparlemint Tess Mulder en Jochem van Bruggen, de bysûndere gevelstien mei de dichtregel dêryn gravearre.

It folsleine gedicht fan Tsjêbbe Hettinga kriget letter yn of by it Provinsjehûs plak.… Lês fierder