Film oer Elmar Kuiper nei Berlyn

logo.ensafh

In dokumintêre makke foar Omrop Fryslân is selektearre foar in filmfestival yn Berlyn. It giet om de film dy’t makke is oer dichter Elmar Kuiper. ‘Oerdak, in gedicht kommendeweis’ draait op 15 oktober op it Zebra Poetry Film Festival yn ‘e Dútske haadstêd. De dokumintêre is tusken 10 en 14 novimber ek te sjen op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert.

Oerdak lit sjen hoe’t in gedicht ûntstiet, mar ek hoe’t Kuiper mei syn eigen twataligens omgiet.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Josse de Haan

Hommaazje oan Harmen Wind

logo.ensafh

As hommaazje oan Harmen Wind publisearje ik hjir noch in kear myn persoanlik kommentaar yn in mail op syn prachtige roman Het Verzet/It Ferset:

HENDAYE, 9-12-‘02

Goemoarn Harmen,
do hast mei ‘Het Verzet‘ in oandwaanlik, mar ek in ûntheisterjend boek skreaun oer in man dy’t troch in dogmatyske ideology syn eigen ik foar in grut part yn tsjinst stelle moast fan de law en oarder fan in leauwe dat foar it minsklik gefoel net sa’n soad omtinken hie, en dêrtroch de soan it ark joech om al stridend in eigen wei te gean. Chapeau!
Dit is gjin miening fan in ateïst – dy’t ik fansels bin – mar in kommentaar fan immen dy’t him nettsjinsteande fuortkommend ‘út de weareld’ dochs identifisearje koe mei de sitewaasje fan de twa haadpersoanen.… Lês fierder

Josse de Haan

By it ferstjerren fan Harmen Wind

logo.ensafh

Ofrûne freed is Harmen Wind ferstoarn. Hy hat myn roman Piksjitten op Snyp oersetten yn it Nederlânsk – Kikkerjaren (2001).
Ik haw him doe kennen leard as in treflike oersetter en in treflike kollega. We hawwe yn dy tiid in soad kontakt hân, en ik kin wol sizze dat der in freonskip ûntstie dy’t folslein basearre wie op taal en literatuer. Sa’t Harmen de tinzen fan it jonkje De Lytsk oersetten hat is ûnneifolchber.

De oersetting Kikkerjaren fan Harmen Wind die mei yn de rees om de Fryske oersetpriis. De folslein Frysktalige sjuery foel oer dichterlike neologismen yn it Nederlânsk. Harmen Wind hie Nederlânsk studearre en joech dat ek op de middelbere skoalle, iksels studearre Nederlânsk MO-A en -B fan 1971-‘79, joech ek Nederlânsk op in middelbere skoalle, mar neffens de sjuery behearsken wy dy taal net goed genôch.… Lês fierder

Harmen Wind ferstoarn

logo.ensafh

De Fryske skriuwer en dichter Harmen Wind is ôfrûne freed ferstoarn yn syn wenplak Doesburg. Hy wie al in skoft slim siik. Wind kaam yn Ljouwert te wrâld op 24 desimber 1945, mar brocht syn bernejierren troch yn Aldeboarn. Nei de kweekskoalle gie er nei Amsterdam om Nederlânsk te studearjen. Joech er yn ’e santiger jierren earst Nederlânsk op It Hearrenfean, letter waard er learaar en direksjelid yn Doetinchem. Yn 1985 debutearre Wind yn it Frysk mei de dichtbondel Utein dêr’t er daliks de Fedde Schurerpriis foar krige. Fjirttjin jier letter skreau er syn earste Fryske roman: De izers fan ’e frijheid.… Lês fierder

Maartje Wortel wint Anton Wachterprijs

logo.ensafh

Debutante Maartje Wortel heeft met haar verhaalbundel Dit is jouw huis de Anton Wachterprijs gewonnen. Dit werd vandaag door haar uitgeverij De Bezige Bij bekend gemaakt. De andere genomineerden voor de debutantenprijs waren Franca Treur (Dorsvloer vol confetti), Bas van de Bosch (Septemberlicht), Detlev van Heest (De verzopen katten en de Hollander) en Hannah van Munster (De trompetboom). Het is voor de derde keer dat een vrouwelijke debutant de prijs wint. Eerder wonnen Tessa de Loo (1984) en Anne-Gine Goemans (2008) de prijs.

Lês fierder by TzumLês fierder

Lauranne van Grinsven wint #twicht

logo.ensafh
“Waarom zie ik nooit de man, die | rennend achter zijn hoed aan | laatste treinen mist | met zijn jas doorweekt”
Mei dizze Twicht hat de 19 jierrige Lauranne van Grinsven út Den Bosch de twittergedichtewedstriid wûn. De sjuery, besteande út Asing Walthaus (Ljouwerter Krante), Sjoerd IJbema (Omrop Fryslân) en Jellie Tiemersma (Bibleteekservice Fryslân), oardiele as folget: dizze twicht ropt net allinnich yn 140 tekens in byld op, mar set it byld ek wer op losse skroeven.

Lês fierder by TresoarLês fierder