Skriuwkursus Heldinne’s Reis

logo.ensafh

Op 10 september start ik in de Blokhuispoort met de vrouwenschrijfcursus Heldinne’s Reis.

Deze bijzondere cursus is speciaal bedoeld voor vrouwen die al schrijvend achter hun levensthema’s willen komen. Er wordt gewerkt met het bekende boek De Ontembare Vrouw van Clarissa Pinkola Estes. Aan de hand van verschillende sprookjes worden verschillende thema’s verkend. Zo leert Blauwbaard ons over afhankelijkheid, “de rode schoentjes” over verslavingen en obsessies, “het meisje zonder handen” over het overwinnen van jeugdtrauma’s, en “het lelijke jonge eendje” over het vinden van de mensen bij wie je hoort.
De cursus leent zich voor autobiografisch schrijven, maar ook voor het omzetten van eigen thema’s in fictie, zodat het verhaal als het ware een landkaart wordt voor degenen die na ons hun eigen Heldinne’s Reis moeten afleggen.… Lês fierder

Priisfraach Fryslân lêst syn Toppers

logo.ensafh

Op 1 septimber begjint de kampanje foar it twadde boek fan de lêsbefoarderingsaksje Fryslân Lêst Syn Toppers. Belangstellenden kinne meidwaan oan in priisfraach om de titel fan dat boek te rieden. Under de goede ynstjoerders wurde 100 eksimplaren fan in FLST-boek ferlotte. Op 22 septimber sil de útslach bekend makke wurde.

It twadde FLST-boek is ien fan de 47 titels, dy’t no te keap binne as POD-boek (printing on demand). Dizze romans hearre ta de toppers fan de Fryske literatuer, mar wienen útferkocht. Ynformaasje oer de priisfraach wurdt ferspraat troch Tresoar en ek yn alle bibleteken binne folderkes te finen. Meidwaan kin allinnich fia de kampanje webside www.FLST.nlLês fierder

Nij Aksjeboek foar bern

logo.ensafh

Boargemaster E.J. ter Keurs fan Ljouwerteradiel en de tiimsjef Middelsee fan de plysje, de hear J. Holwerda, krije de earste eksimplaren fan it Tomke ferkearsboek oanbean; it nije Aksjeboek foar bern foar de Berneboeketiid. Dat sil wêze op tiisdeitemoarn 7 septimber yn Pjutteboartersplak De Oesterkes yn Stiens. It leit foar de hân dat de boargemaster, as haad fan de plysje, it earste eksimplaar kriget. Mar de hear Holwerda, dy’t mei in plysje-auto by it Pjutteboartersplak oankomt en dy’t de bern fan alles fertelle sil oer swaailjochten, sirene’s ensfh., nimt yn septimber ôfskie nimt as tiimsjef. Foar him dêrom it twadde eksimplaar.… Lês fierder

Fúzje Contrabas en Poëzierapport

logo.ensafh

Poëzierapport (PZR), dé Vlaamse website voor poëzierecensies, fuseert per 15 oktober 2010 met De Contrabas. Daarmee is een grote wens van De Contrabas in vervulling gegaan: binnen ons weblog een grotere nadruk te mogen leggen op recensies en beschouwingen over nieuw verschenen werk. Tevens is de fusie hét bewijs dat de Nederlandse poëzie niet ophoudt bij de grens naar Vlaanderen, en andersom. PZR zal vanaf 15 oktober minimaal twee recensies per week gaan plaatsen; de bundels die wij niet kunnen bespreken, voorzien we van een (kort) signalement. Zo maken we nagenoeg de complete poëzieproductie in Nederland en Vlaanderen zichtbaar. Philip Hoorne (hoofdredacteurPZR) treedt toe tot de redactie van De Contrabas.Lês fierder

Ut it bestjoer fan it Skriuwersboun

logo.ensafh

• Edwin de Groot, Geart Tichelaar en Tryntsje van der Veer binne fleurich fan start gien mei de tarieding fan it Literêr Sirkwy. (Letter mear hjiroer.)
• Ien fan de leden hat him oanmelde om tegegearre mei it FD in ferhalewedstriid op priemmen te setten, mar as der net mear komme giet it foarearst net troch.
• Woansdei o.s. sil in delegaasje fan it bestjoer nei de Steatekommisje Frysk om te praten oer it Letterenbelied. Provinsje moat ynsette op ûnderwiis. En as se dêr op ynsette moat der ek wat dien wurde oan de produktkant. Dit moatte se earder stypje dan ôfknipe.… Lês fierder

07-09-10 Oanbieding oersetting Jules Verne

logo.ensafh

Le Tour du monde en 80 jours fan Jules Verne yn it Frysk oerset.

It Jules Verne Genootschap sil op 7 septimber, om 20.00 oere, by Tresoar de Fryske oersetting fan Le Tour du monde en 80 jours presintearje.
It boek is in klassiker yn de wrâldliteratuer en it meast bekend wurk fan Verne. Verne is ien fan de meast oersette skriuwers yn de wrâld. Syn boeken en ferhalen ferskinen yn hast wol 100 talen, mar it Frysk wie der noch net by. Troch de ynspannings fan it Jules Verne Genootschap feroaret dat no.
De roman fertelt it ferhaal fan de Ingelske gentleman Phileas Fogg, dy’t foar in enoarm jildbedrach in weddenskip oangiet.… Lês fierder