‘Ge-roman-tiseerde Regio’ as útstalling yn De Skierstins
Feanwâlden – Streekprodukten binne yn tsjintwurdich. Sjem, wyn, tsiis, gieltsjes en wâldbeantsjes, fan alles kin men tsjintwurdich keapje by minsken oan hûs of yn ‘e winkel. Mar der binne ek literêre streekprodukten. De Skierstins yn Feanwâlden toant fan sneon 18 sept. o/m snein0 24 oktober yn de útstalling ‘Ge-roman-tiseerde Regio’, literêre streekprodukten út noardeast Fryslân
Boppedat hâldt Jan Jongsma op freed 15 oktober om 20.00 oere in lêzing oer streekromans, yn it bysûnder yn Fryslân, yn De Skierstins. Jongsma, leraar fan berop, hat jierrenlang boekresinsjes skreaun en oare artikelen oer Fryske literatuer. De entree foar de lêzing is € 5,00 (freonen € 4,50)
Op de útstalling wurdt in ferbân lein tusken 12 romans en de regio, dêr’t de roman him ôfspilet.… Lês fierder