Aginda Skriuwersboun

logo.ensafh

27 augustus – bestjoersgearkomste

1 septimber – petear fan it bestjoer mei de steatekommisje Frysk

3 septimber – boekefeest yn it ramt fan ‘De moanne fan it Fryske boek’ op priemmen set troch Tresoar en de stichting It Fryske Boek

6 en 7 novimber – skriuwerswykein mei as tema: ‘De skriuwer en syn boarnen’

Boarne: It Skriuwersboun Lês fierder

Nûmer 4 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It fjirde nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint

ensafh-2010-42

Ynhâld ensafh 4 yn print

3 Redaksjoneel
Ane Bote Jukema
4 De lêste simmer fan Sikke Monsma (ferhaal)
13 Hendrik Elings – Tekening
Cornelis van der Wal
14 Bedutsen mei pantoffel (poëzy)
Jacobus Q. Smink
15 Amsterdam, sneon 5 juny 2010 (poëzy)
Bartle Laverman
16 Wat Jopie seach (ferhaal)
Piet Hemminga
18 Foar de pakesizzers fan Fedde Schurer (besprek dissertaasje  oer Fedde Schurer troch Johanneke Liemburg)
Hiltsje Jongsma
26 It Herbarium (poëzy)
27 Yn it lân fan heit (poëzy)
Simen Oetie
28 Belize Blowing (ferhaal)
Oene Spoelstra
40 Lette simmer (poëzy)
41 Winter (poëzy)
Yttje Cnossen
42 Kearpunt (poëzy)
43 Hazze (poëzy)
Jelma Knol
44 In man moat syn sied kwyt (ferhaal)
A.IJ.… Lês fierder

Skriuw in oade, win in reis

logo.ensafh

Tijdens zijn verblijf begin jaren dertig in New York schreef Lorca zijn beroemde ‘Ode aan Walt Whitman.’ De grote Amerikaanse dichter van onder andere Leaves of Grass sprak zowel in literaire als in persoonlijke zin tot Lorca’s verbeelding. Naar aanleiding van het festival Literaire Meesters 2010: Federico García Lorca (7 tot en met 21 november 2010) worden Nederlands- en Spaanstalige dichters uitgenodigd op hun beurt een ode te brengen aan de grote Spaanse dichter. Hiermee kunnen zij een reis naar Andalusië winnen.

lês fierder by Nationale BoekenblogLês fierder

Winter oan see

logo.ensafh

Winter oan see is de nije, poëtyske roman fan Aggie van der Meer.

“It strân is no hielendal wiet. De wolken, swier fan wetter, ferfleanende bylden fan ferjitten eilannen, rook fan fierten.”

Yn Winter oan see beskriuwt Aggie van der Meer de dilemma’s fan in frou dy’t troch har man ferlitten is. Yn in fakânsjehûs oan see besiket se de losse triedden fan har libben wer by-inoar te krijen. Se rekket dêr yn ’e tsjoen fan in oare man dy’t krekt as sy in ferline mei him meidraacht dat har hieltyd mear begjint te fassinearjen:

“Hy hat in grimmitige hastigens oer him.… Lês fierder

Jules Verne yn it Frysk

logo.ensafh

Op tiisdei 7 septimber 2010 hat offisjeel de presintaasje plak fan it boek In wrâldreis yn 80 dagen, de oersetting fan ien fan de meast lêzen boeken fan Jules Verne. De boeken fan Jules Verne binne oersetten yn in lytse 100 talen en wy meie der wer in taal by rekkenje want Le Tour du monde en 80 jours is de earste oersetting fan syn wurk yn it Frysk. It Jules Verne Genootschap wol mei dizze oersetting de bekindheid fan Jules Verne yn it Fryske gebiet fergrutsje. It is neffens harren in goed ding dat wrâldliteratuer yn de folkstaal beskikber is.… Lês fierder