It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery fan de Junior Rely 2010, besteande út Auck Peanstra (foarsitter), Ate Grypstra en Jorn van der Schaar, fan betinken is dat dit jier fjouwer ferhalen en twa fersen yn oanmerking komme foar in Junior Rely-priis.
De Junior Rely-prizen binne dit jier foar:
Mette Silke Alkema út Akkrum: in 1e priis fan € 125,– foar it ferhaal: ‘Ferlern’
Casper Oukes út Wommels: in 2e priis fan € 100,– foar it ferhaal: ‘Tornado’
Inger Haakma út Wytmarsum: in oanfiterpriis fan € 50,– foar it ferhaal: ‘De striid mei mysels’
Willem de Jong út Warkum: in oanfiterpriis fan € 50,– foar it ferhaal ‘Twa reade eagen’
Floor Wip út Burchwert: in 1e priis fan € 100,– foar it fers ‘Do bist…’
Froukje Gerbrandij út Wytmarsum: in 2e priis fan € 75,– foar it fers ‘Fallende stjer’
Der wiene dit jier wer in soad ynstjoerings foar de Junior Rely: 117 gedichten en ferhalen kamen ús kant op.… Lês fierder