Utslach Rely Jorritsmapriis 2010

logo.ensafh

It bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns makket bekend dat de sjuery, besteande út Jitske Kingma (foarsitter), Klaske Jaspers en Doete Venema, fan betinken is dat dit jier ien ferhaal foar in priis fan it Rely Jorritsma Fûns yn oanmerking komt, en ien ferhaal foar in ‘blyk fan wurdearring’. Der is dit jier net in fers dat foar in priis fan it Fûns yn oanmerking komt, mar oan twa fersen wurdt in ‘blyk fan wurdearring’ takend.

Lês fierder by Stjoerder Lês fierder

Guozzeflecht

logo.ensafh

Guozzeflecht, debútroman fan Ferdinand de Jong ferskynt op 19 juny 2010

Guozzeflecht is de spannende debútroman fan Ferdinand de Jong. It ferhaal nimt de lêzer mei fan de ûnmjitlike Sibearyske taiga oant de sluzen fan Koarnwertersân.

Guozzeflecht is it ferhaal oer in soarte fan Fryske James Bond, Jan. It earste diel fan de roman beskriuwt in missy fan Jan yn de Sovjet-Uny, let Stalinistyske tiid, om 1953 hinne. Hy moat foar de NAVO in kearnfysikus út in goelachkamp helje en tagelyk it kamp yn kaart bringe. Hy komt minsken tsjin lykas de Rus Vladimir en de Fin Jari, manlju dy’t him ynformaasje jaan kinne en him de wei wize.… Lês fierder

Bibleteken liene e-readers út

logo.ensafh

De bibliotheken in de gemeenten Boarnsterhim, Leeuwarden en Tytsjerksteradiel lenen vanaf maandag e-readers uit. De Bibliotheken Midden-Fryslân komt hiermee omdat uit onderzoek van Stichting Marktonderzoek Boekenvak blijkt dat steeds meer mensen overwegen een e-reader te kopen en dat ze graag e-boeken willen lenen bij de bibliotheek.
Een e-reader is een draagbaar leesapparaat waarop je digitaal een boek kunt lezen. Op het apparaatje kun je enkele honderden boeken bewaren. De e-reader die bij de Friese bibliotheken te leen is, is gevuld met tien populaire titels en kan zes weken gehuurd worden voor vijftig eurocent per dag.

Boarne: Friesch Dagblad Lês fierder

Oprop oan skriuwers boekemerk Drachten

logo.ensafh

Achte skriuw(st)er,

Gjin Sutelaksje yn septimber/oktober, mar wol in Boekemerk yn Drachten. No as ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske boek. It Fryske Boek/Tresoar organisearret de merk diskear mei de pleatslike organisaasje en de útjouwers. Sûnt IFB gearwurket mei Tresoar is de kommersjele kant by de promoasje-aksjes ferdwûn. De útjouwers leverje no harren eigen kolleksjes boeken. IFB/Tresoar soargje foar kreamen en katering. De útfiering is yn hannen fan de pleatslike organisaasje. De útjouwers krije in eigen plak tawiisd en by harren wurde de boeken ek ôfrekkene. In klant kin dus net mear mei boeken ûnder de earm by de oaren del en alles yn ien kear ôfrekkenje.… Lês fierder

De Moanne fan It Fryske Boek

logo.ensafh

Stichting It Fryske Boek en Tresoar ha harren aktiviteiten ta stipe en promoasje fan de Fryske boekewrâld bondele yn De MOANNE FAN IT FRYSKE BOEK.
Mei nij elan en besieling foar de boekewrâld yn Fryslân – dus ek foar de streektalen – organisearje wy yn de moanne septimber in breed skala oan aktiviteiten.
Dat begjint al op freed 3 septimber mei in aventoerlike reis fan skriuwster Greet Andringa dy’t har Kadoboek sels by de Fryske boekhannels bringt. Dyselde jűns barst it lêzers- en skriuwersfeest los yn Tresoar. In grut feest mei in optreden fan Elske deWall dy’t ek in rol hat yn de oanbieding fan it Kadoboek.… Lês fierder