Sulveren spjelde foar Jan Schotanus

logo.ensafh

Skriuwer Jan Schotanus hat de Sulveren Spjelde 2010 wûn foar syn boek Bor en de boef.

De priis wurdt útrikt troch de berneboekesjuery, dy’t bestiet út sa’n seishûndert Fryske bern.

De berneboekesjuery is in inisjatyf fan de stifting It Fryske Berneboek. Under tafersjoch fan de stifting kinne bern alle jierren stimme foar harren favoryt Frysk berneboek.

De oare boeken dêr’t de bern út kieze koenen, wienen De fûgelklup fan Thys Wadman, It geheim fan it taalfabryk fan Mindert Wijnstra en De ridder fan Oei van Lida Dykstra.… Lês fierder

Nijste Skanoskrift online

logo.ensafh

It nijste Skanoskrift is fan no ôf fergees te delladen fan ús side. Lykas oare kearen befettet it it lêste nijs, mar dêrnjonken ek in ferslach fan it Grut Frysk DikteeGriene tsiis (ús nije kolumnist), “in Nederlânske klucht is net lollich!” en oare nijsgjirrichheden. Sjoch yn it menu Argyf ûnder it kopke Ferieningsblêd of klik hjirre om dêr streekrjocht hinne te gean.

Tekst oernommen fan SkanomoduLês fierder

Berneboekesjuery 2010

logo.ensafh

Wa is de winner fan de Berneboekesjuery 2010?

Wurdt it Thys Wadman (De Fűgelklup), Mindert Wijnstra (It geheim fan it Taalfabryk), Lida Dykstra (De ridder fan Oei) of Jan Schotanus (Bor en de wolf)? Eabele en Van der Baan, haadpersoanen yn it Skoaltelevyzjeprogram Studio F, sille op 4 juny yn Kultureel Sintrum De Skâns op De Gordyk de winnende skriuwer bekend meitsje. Dy fertsjinnet de sulveren spjeld fan de Berneboekesjuery 2010.

Tusken jannewaris en maaie ha sa’n 600 learlingen út de groepen 4 en 5 fan basisskoallen yn Fryslân meidien oan de Berneboekesjuery. Sy koene it moaiste boek kieze út in rige fan fjouwer, útbrocht troch de Afűk yn gearwurking mei Taalsintrum Frysk/Cedin.… Lês fierder

01-06-10 Fyfde FFFestival

logo.ensafh

Fyfde FFFestival tilt wer op fan fertel- en foarlêsaktiviteiten
Fan 1 oant en mei 15 juny gûnzet it yn de provinsje fan ferhalen

Fan 1 oant en mei 15 juny is der it 5e Fertel- en Foarlês Festival (FFFestival). Twa wiken lang wurde der troch de hiele provinsje ferhalen ferteld en wurdt der foarlêzen oan pjutten, skoalbern en âlderein. De ôftraap foar it FFF op 1 juny wurdt fersoarge troch de skriuwers Johan Veenstra, Mindert Wynstra, Neeltje Bonnema, Ytsje Hettinga en Riek Landman. Sy lêze op ferskate plakken yn Fryslân foar út de spesjaal foar dit FFFestival gearstalde ferhalebondel. De bondel is foar alle soarchynstellings fergees te krijen.… Lês fierder

Magazynferkeap Steven Sterk

logo.ensafh

Boekengroothandel Steven Sterk zet in het weekend van 4, 5 en 6 juni 2010 de deuren open van het opvallende gebouw in Gorredijk.

Ondanks de economische malaise groeit de omzet van Tialda | Steven Sterk nog steeds, de laatste twee jaren in totaal 25%.

De voorraad in het magazijn is 1.5 miljoen boeken. Naast de verkoop tijdens Steven Sterk on Tour, waarbij men boeken verkoopt op bijzonder plaatsen in verschillende steden, wordt éénmaal per jaar een grote verkoop gehouden in het centrale magazijn in Gorredijk.

Lês fierder by BoekendingenLês fierder