Stim foar de SJONGtekst Publykspriis

logo.ensafh

De tekstsjuery, besteande út de skriuwers Elske Kampen, Douwe Kootstra en Jelle Bangma, hat 11 teksten selektearre út de 50 teksten dy’t ynstjoerd binne foar SjONG 2010. Dy 11 teksten binne dêrmei ek nominearre foar ien fan de trije sjueryprizen dy’t by de finale op 24 april bekend makke wurde.

Mar dêrmei binne wy der noch net! Ek jim meie jim favorite tekst kieze út dizze 11. Jim kinne dat dwaan troch de titel fan jim favorite tekst troch te jaan fia sjong.nl@gmail.com. De tekst mei de measte stimmen wint de SjONGtekst Publykspriis. Dy wurdt ek útrikt by de finale op sneon 24 april yn DOK 18 yn Dokkum.… Lês fierder

Veenbaas en Visser winne Filter Oersetpriis

logo.ensafh

De enorme vlucht van de belangstelling voor de filosofie in Nederland in de laatste tien, vijftien jaar is ook terug te zien in de vertaalpraktijk, aldus de jury van de Filter Vertaalprijs 2010. Veel werk van filosofen die een belangrijke rol spelen in contemporaine debatten wordt tegenwoordig redelijk snel vertaald en op het gebied van belangrijke werken uit de geschiedenis van de filosofie lijkt er sprake van een heuse inhaalslag, waarin veel belangrijke werken voor het eerst in Nederlandse vertaling beschikbaar komen. Dat geldt in verhevigde mate voor het werk van Immanuel Kant (1724-1804). Na Kritiek van de zuivere rede (2004) enKritiek van de praktische rede (2006) is Kritiek van het oordeelsvermogen(2009) de derde grote Kantiaanse kritiek die door Jabik Veenbaas (1959) en Willem Visser (1957) is vertaald.… Lês fierder

Frijende Kikkerts op paad troch Fryslân

logo.ensafh

Op freed 9 april sil elk yn Fryslân fol sitte fan de kikkerts. De bus fan It Fryske Boek lûkt dan troch de provinsje om it ‘ûntlêzen’ tsjin te gean en it nocht oan it lêzen te befoarderjen.
Oanlieding is de werútjefte fan it boek Frijende Kikkerts fan Hylkje Goaïnga. Wa’t nei de bus komt en in kikkert meinimt (yn wat foar foarm dan ek), krijt fergees in eksimplaar fan dit boek, fansels salang as der foarrie is.

De roman Frijende Kikkerts
It boek giet oer selsbetrouwen, oer hoe’t in man en in frou mei-inoar omgean, oer hoe’t hja mei in koarkelûker in stikje út syn hert helje wol om te sjen oft it noch wol foar har kloppet ….… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Literêr Sirkwy yn Museum Smellingerlân – in ferslach fan Hedwig Terpstra

logo.ensafh

De byienkomst fan it Literêr Sirkwy fan it Skriuwersboun yn Museum Smellingerlân waard ôfrûne snein 28 maart iepene troch Paulo Martina, direkteur fan it museum. Der wiene dizze middei sa’n fiifentritich besikers oanwêzich. Presintator Edwin de Groot dielde mei dat Arjan Hut siik wie en dêrom net komme koe. Dêrnei kundige er de earste dichteresse oan: Meintsje Brouwer. Sy skreau foar Frysk en Frij en de Fryske Bernekrante. Se publisearre ferhalen en gedichten yn kranten, literêre tydskriften, de Skriuwerskalinder en skriuwt út en troch toanielstikken en set stikken oer yn it Frysk. Se brocht diskear ûnder oare de gedichten ‘Utblaze’ en ‘Ofbliuwe’.… Lês fierder

Simke Kloostermanpriis Hanneke de Jong

logo.ensafh

De Simke Kloosterman Priis 2010 giet nei de skriuwster Hanneke de Jong foar har boek ‘Salsafamke’. De priis wurdt ien kear yn de trije jier takend oan it bêste Frysktalige jeugd- of berneboek yn de perioade fan trije jier. De priis, in bedrach fan 3000 euro, wurdt neffens tradysje op de twadde sneon fan maaie oan Hanneke de Jong útrikt yn Twizel.

De oare beide gadingmakkers wiene Lida Dykstra mei ‘Spegelspreuk’ en Mindert Wynstra mei ‘De stilte fan Joachem’.

It boek ‘Salsafamke’ giet oer de14-jierrige Freya, dy’t op fakânsje op Curacao yn ferwachting rekket en de gefolgen dêrfan.

Boarne: Omrop Fryslân Lês fierder

Argyf Ljouwerter Krante útwreide

logo.ensafh

It digitale argyf fan de Ljouwerter Krante wurdt flink útwreide. Op de site archiefleeuwardercourant.nl binne alle útjeften fan de Ljouwerter krante sûnt de 18e ieu werom te finen mar meikoarten sille ek de útjeften fan it Dagblad van het Noorden online komme te stean.
De site is makke troch Tresoar en de Noardlike Dagblad Combinatie, dy’t sawol de Ljouwerter Krante as it Dagblad van het Noorden útjout.
Ek soe der yn it argyf romte komme foar in tal wykblêden fan de NDC. Troch de útwreiding is de site op it stuit út de loft.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder