Op 7 maart ferskynt it bysûndere boek
Huize Het Gras – Teigetje & Woelrat met Gerard Kornelis van het Reve in Greonterp.
Op woansdeitejûn 12 novimber 1969 moetsje Gerard Kornelis van het Reve en dy syn freon Teigetje, dy’t dan yn Amsterdam binne om Teigetje syn jierdei te fieren, de jonge Woelrat. Fjouwer dagen letter komt er mei de trein en de bus nei Greonterp ta en giet net wer fuort.
It docht bliken dat Teigetje, krekt as Woelrat, in baas fotograaf is. Mei in ienfâldich Agfa Clacktastel, letter ferfongen troch in Asahi Pentax, meitsje sy tusken 1963 en 1975 tûzenen foto’s: fan Gerard, syn omjouwing, syn brieven en dokuminten.… Lês fierder
