Op 22 jannewaris is it iPoetry argyf online gien. Op dizze side binne audio en fideo opnamen fan poëzijoptredens te finen. Klik hjir foar de side fan iPoetry… Lês fierder
Op 22 jannewaris is it iPoetry argyf online gien. Op dizze side binne audio en fideo opnamen fan poëzijoptredens te finen. Klik hjir foar de side fan iPoetry… Lês fierder
Dit is het persbericht van Tim Dijkstra presenteert: Stand Up & Poetry Deux, een persbericht waarin ik (Tim Dijkstra) net doe alsof het door iemand van onze ”organisatie” (die uit mij bestaat) is geschreven en waarin ik u als lezer probeer over te halen naar onze voorstelling te komen.
Dit kan ik doen door te vertellen dat u deze voorstelling niet mag missen. Of dat er in februari naast Valentijnsdag verder niets te doen is, en dat u het beste die mooie dag over de liefde met onze voorstelling kunt combineren door uw grote liefde gewoon mee te nemen naar Stand Up & Poetry Deux.… Lês fierder
Oer weitsje en sliepe
Sjoch ris oan: Ensafh. en Piter Boersma binne wekker. Us digitaal blêd ferkundiget sels in miening en dat mei in unikum neamd wurde. Dan moat der wrachtsjes in kwestje fan formaat wêze en dat is der dan ek: hélp, straks moatte wy fierder sûnder It Boun…
Earst dit: it is net ‘Koos Tiemersma’ dy’t It Boun opheffe wol, soks wurdt útmakke troch de léden. Piter Boersma hat jierrenlang bestjoerlik warber west, mar dit prinsipe dat foar elke feriening jildt, is him sa’t it liket ûntgien. It is spitich om it fêststelle te moatten, mar blykber is der earst in klap op ’e tafel à la Lakeman nedich om derfoar te soargjen dat guon de slûge kop út it sân skuorre, ferwyldere om har hinne gnuve en dan dogge wêr’t sa’n soad yn it Fryske MickyMouse-wrâldsje sterk yn binne: yn in goedkeape refleks sjitte en op de man spylje.… Lês fierder
Nei in jier fan ynspraak op it letterebelied fan de provinsje is it no stil wurden, in stilte dy’t him goed lient om opfolle te wurden mei in pear kanttekeningen fan de kant fan it Skriuwersboun. De ynspraak bestie út in pear gearkomsten mei in heech ‘roept-u-maar-gehalte’. Elk koe mar raak ynbringe, en dat waard dan ek mei ynmoed dien. Sa hat it Boun him û.o. sterk makke foar de ferbettering fan de finansjeel swakke posysje fan skriuwers, om mar ris wat te neamen. No sille guon opmerke dat soks net nedich is om’t Fryske skriuwers harren wurk dochs as hobby sjogge en der net fan hoege te bestean, mar sa’n lege beleanning foar it skriuwen yn bgl.… Lês fierder
Ek yn ús provinsje bart der it ien en oar yn ferbân mei de lanlike Gedichtendag. Klik hjir foar de aktiviteiten yn Fryslân. Yn de bibliotheek fan Snits kinne jo op dy dei nei foardrachten fan lokale dichters harkje. Klik hjir foar de Snitser aktiviteiten. De biblioteek fan Stiens hat ek in poëtysk programma gearstald. Klik hjir.… Lês fierder
Yn it hiele lân wurdt ein jannewaris op pjutteboartersplakken, yn de berne-opfang en op basisskoallen ekstra omtinken jûn oan foarlêzen foar jonge bern.
De doelgroepen binne pjutten en beukers, mar bern dy’t sels lêze kinne genietsje likegoed fan in moai ferhaal.
Lês fierder by it Fryske Berneboek… Lês fierder
Yn Arendz’ Arends fertelt Jan Arendz, sa as allinne Jan dat kin, oer syn hast-nammegenoat skriuwer Jan Arends. En rekket mei him yn petear. Hie Jan Jan helpe moatten? Hat Arendz wol wat fan Arends? Hy krûpt yn ‘e hûd fan de skriuwer, om syn gedichten foar te dragen en de rânen fan Arends’ siel te ûndersykjen. Jan Arendz hat de dryste skuon oandien en de foarstelling makke dy’t him al sa lang troch de holle spoeke.
De regy is fan kabaretier, akteur, sjonger, tekstskriuwer én regisseur Rients Gratama.
Sjoch op Tryater foar de spyldata