Nûmer 7 fan ensafh op papier is út

logo.ensafh

It sânde nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foat it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 7 yn print

3 Redaksjoneel
4 Sipke de Schiffart
Lotte op De Feanhoop
17 Steven H.P. de Jong
The High Poetical Diction Cathedral
22 Jacobus Q. Smink/Edwin de Groot
Grap fan Quatrebras
24 Sytse Jansma
De bus nei riobamba
25 Goffe Jensma
Giftige Simmer
30 Jelma Knol
It moeras
35 Ane Bote Jukema
Thúskomme
Ald

37 Hidde Boersma
The man is here
40 Gerben Abma
In optocht probleem literêr-histoarysk hifke
51 Simen Oetie
Troch it izeren gerdyn
62 Foppe Venema
Troch de skodoarren: Clément Marot (1496-1544)

Redaksjoneel

IN JIER ENSAFH
Mei dit nûmer beslute wy de earste jiergong fan ensafh, dat ûntstien is út de fúzje tusken Hjir en Farsk.… Lês fierder

Tsjêbbe Hettinga schrijft Gedichtendagbundel 2010

logo.ensafh

gedichtendag-os2

Op 28 januari 2010 is het weer Gedichtendag in Nederland en Vlaanderen, een jaarlijks initiatief van Poetry International (NL) en Stichting Lezen (Vlaanderen). De Gedichtendagbundel 2010 is geschreven door Tsjêbbe Hettinga en verschijnt bij Friese Pers Boekerij.
De Nederlandse vertaling is van Benno Barnard.

Jaarlijkse Gedichtendag

Gedichtendag is hét poëziefeest van Nederland en Vlaanderen. Ieder jaar op de laatste donderdag van januari, staat de poëzie een dag lang in het zonnetje. Meer dan 400 particulieren, instellingen en bedrijven verspreid over Nederland en Vlaanderen organiseren zelf een grote diversiteit aan eigen activiteiten. Het gonst die dag dus van de poëzie, op radio en TV, op internet, in scholen, bibliotheken en boekwinkels, maar ook in de supermarkt om de hoek.… Lês fierder

Fúzje twa letterenfûnsen

logo.ensafh

It Fonds voor de Letteren en het Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds fusearje mei yngean fan 1 jannewaris 2010 ta ien lanlik Nederlands Letterenfonds. Fan beide fûnsen, dy’t ek foar de Fryske skriuwers en literatuer fan grut belang binne, bliuwe foarearst alle besteande regelingen yn wêzen.

De juridyske fúzje fan de beide letterenfûnsen is no fêstlein en de bestjoeren binne yn ien mienskiplik bestjoer opgien. Dat wie de wichtichste stap yn it fúzjeproses. It Nederlands Letterenfonds kin no mei nij elan fierder mei it reguliere wurk: it stypjen fan Nederlânske en Fryske skriuwers en oersetters en de promoasje fan Nederlânske en Fryske literatuer yn it bûtenlân.… Lês fierder

28-01-10 Literêr Sirkwy op De Jouwer

logo.ensafh

Op 28 january, Gedichtedei, om 20.00 oere komt it Literêr Sirkwy nei De Jouwer. Under mear Jabik Veenbaas, Ytsje Hettinga en Hidde Boersma sille harren gedichten foar it fuotljocht bringe. Jabik Veenbaas is net allinne dichter, hy skreau ek ferhalebondels en essees. Syn lêste bondel De sinne, it smelle bêd, myn lichem ferskynde ek yn it Nederlânsk. Dêrneist sette hy, tegearre mei Willem Visser, in tal filosofyske wurken fan Immanuel Kant oer yn. Ytsje Hettinga skriuwt ferhalen en gedichten mar is benammen bekend as skriuwster foar toaniel, ûnder mear foar Sult dêr’t se sels ek yn spilet. Hidde Boersma is de nijste stjêr oan it Frysk-literêre firmamint.
Lês fierder

15-01-10 Nijjiersgearsit Skriuwersboun

logo.ensafh

Op freed 15 jannewaris liedt It Skriuwersboun 2010 yn mei in nijjiersgearsit.

Neist de tradisjonele taspraak fan foarsitter Koos Tiemersma, sil Louw Dykstra fan útjouwerij Bornmeer wat fertelle oer de ûntjouwing fan it e-book en de gefolgen foar de (Frysktalige) skriuwerij (ûnder foarbehâld).

Fierder kinne wy mei-inoar yn ’e kunde komme,
âlde bannen oanhelje,
bekenden moetsje,
in praatsje meitsje
en fansels drinke op it nije jier dat foar ús leit.

Lid of net, jong of âld, elkenien is fan herte wolkom op freed 15 jannewaris, jûns om 20 oere yn kafee Wouters, Sophialaan 5, te Ljouwert (foar it stasjon oer).… Lês fierder

Nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2010

logo.ensafh


(Fryske berne- en jeugdliteratuer 2007 o/m 2009, weilitten: oersettings en audioboeken)

2007
1. Toe no! : ferhalen foar bern dy’t derom freegje. Bornmeer, Ljouwert-Utert. Besoarge troch Arjan Hut en Elizabeth Hietkamp.
2. Braaksma, Machiel, Moaie ferhalen : ferhaaltsjes mei in ferhaal. Bornmeer, Ljouwert-Utert.
3. Cornelissen, Aart & Gielstra, Otto, De opdracht fan Thialf : de aventoeren fan Hotze Klots. Friese Pers Boekerij, Ljouwert. [strip].
4. Dam, Eppie, Lytse man. Afûk, Ljouwert. Mei yll. fan Karin Poiesz.
5. Dykstra, Lida, Ik bin in optocht. Bornmeer, Ljouwert. Yll.: Noelle Smit.
6. Dykstra, Lida, Spegelspreuk. Aed Levwerd, Ljouwert.… Lês fierder